Jachtgerjocht: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L [[]]
PieterJanR (oerlis | bydragen)
L Correctie
Rigel 1:
It '''Jachtgerjocht''' wie in gerjocht dat de [[Jachtrjocht]]en hanthavenje moast.
 
[[Karel V fan it Hillige Roomske Ryk|Karel V]] krige it Jachtrjocht neidat er Fryslân ferovere hie. Hy beneamde in [[plomgreve]] (Boyn Benedixsoan, [[13 july]] [[1525]]), dy't it ferpachte oan [[steedhâlder]], rieden en hearskippen. By plakkaat fan [[3 jannewaris]] [[1542]] waard it Jachtrjocht jûn oan de steedhâlder. In nij plakkaat [[1579]] ferdûbele de boetes. [[It Bilt]] waard steedhâlderlik jachtgebiet. Dat hâlden de [[Prins fan Oranje]] en de Fryske Nassau's, dy't yn [[1749]] ek de steedhâlderlike Jachtrjochten yn [[It Oranjewâld]] krigen. Peallen mei it wapen fan de prins beakenen it gebiet ôf (sjoch: [[Moaie Peal]]). Sûnt [[1602]] wie it Jachtrjocht noch mei klam foarbehâlden oan steateleden, deputearren, leden fan it Hof, grytmannen, boargemasters en eigenierden. Oare Jachtrjocht-ordonnânsjes ([[1609]], [[1628]], [[1640]] en [[1653]]) stelden de Jachttiid, de Jachtgerjochtigden en boetes fêst. Earst wienen der in plomgreve en in houtfester. De Steaten ferienigen dy amten yn ien persoan ([[1619]], salaris F920,- plus in tredde fan'e boetes)<br>
 
Yn [[1748]] waard [[Willem IV fan Oranje-Nassau|Willem IV]] opperhoutfester mei dizze plakferfanger en fjouwer masterfeinten foar elk fan de distrikten. Sy foarmen mei-inoar in [[Jachtgerjocht]] mei wetjouwend foech en jurisdiksje. De lêste Fryske feroardering wie fan [[1789]]. Dy waard yn [[1795]] bûten wurking steld.<br>
It risseltaat wie alteraasje. Dêrom kaam der in Jachtwet-ordonnânsje ([[1799]]) dy't hast gelyk wie oan dy fan [[1789]]. Sûnt dy tiid kamen der Jachtwetten foar it hiele lân.