Paranormal romance: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
neidruk---->klam
Rigel 1:
'''''Paranormal romance''''', wat oerset wurde kin as "boppenatuerlike romantyk", is in [[literatuer|literêr]] en [[film]]ysk subsjenre dat [[romantyske fiksje]] kombinearret mei ien of mear sjenres dêr't boppenatuerlike (of bûtenierdske) eleminten yn foarkomme, lykas [[fantasy (sjenre)|fantasy]], [[horror]] of [[science fiction]]. Dêrby is it wichtich dat foar de opbou fan it ferhaal de neidrukklam lein wurdt op it [[romantyk (leafde)|romantyske]] elemint, wylst it boppenatuerlike elemint fral fan belang is foar de eftergrûn fan it ferhaal. Hoewol't mear tradysjonele fantasy-, horror- en science fiction-ferhalen mei in romantyske subplot soms ek wol oanmurken wurde foar ''paranormal romance'', is dat eins net wat it sjenre echt ynhâldt.
 
Yn 'e regel giet it by ''paranormal romance'' om in romantyske relaasje tusken in [[minske]] en in [[fampier]], in [[wearwolf]], in [[geast]] of in oar, soartgelikens boppenatuerlik wêzen, al wurde der ek romantyske relaasjes ta rekkene mei [[bûtenierdsk wêzen|bûtenierdske wêzens]] of mei oare minsken út histoaryske tiidrekken dy't troch [[tiidreizgjen]] berikt wurde. Minder faak foarkommend binne romantyske relaasjes mei minsken dy't boppenatuerlike krêften hawwe, lykas [[telepaty]] of [[telekineze]].