Gaelyske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L →‎Talen: korr
Rigel 38:
[[File:Gaelyske talen.PNG|right|thumb|300px|De ûnderskate Gaelyske talen.]]
* it [[Iersk]], de oarspronklike taal fan it hiele eilân [[Ierlân (eilân)|Ierlân]]. Dit wurdt yn 'e [[Ierlân|Ierske Republyk]] noch mar troch 94.000 minsken as memmetaal sprutsen, en yn [[Noard-Ierlân]] troch sa'n 2.000 lju, sadat it tal memmetaalsprekkers fêststeld wurde kin op 96.000 minsken. Trochdat it Iersk yn Ierlân in ferplichte skoalfak is, binne der yn 'e Ierske Republyk lykwols 1.680.000 minsken dy't it Iersk as twadde taal sprekke. Oare twadde-taalsprekkers wenje yn Noard-Ierlân (93.000) en yn 'e [[Feriene Steaten]] (22.000), wêrmei't it tal twadde-taalsprekkers útkomt op 1.795.000 minsken en it totaal oantal sprekkers op 1.891.000 minsken.
* it [[Skotsk-Gaelysk]], dat fan âlds yn noardwestlik [[Skotlân]] sputsen wurdt. Dizze taal hat yn Skotlân noch likernôch 57.400 memmetaalsprekkers, mei dêropta noch sa'n 350 yn [[Kanada]] (wêrfan 300 op [[Kaap Bretoneilân]] en oangrinzgjende dielen fan 'e provinsje [[Nij-Skotlân]]). Der binne fierders 30.000 twadde-taalsprekkers yn Skotlân, 2.000 yn Kanada, 1.500 yn 'e [[Feriene Steaten]] en 660 yn [[Austraalje (lân)|Austraalje]]; mei-inoar dus 34.000. It totale sprekkerstal fan it Skotsk-Gaelysk komt dêrmei op likernôch 9492.000 minsken.
* it [[Manksk]] is de oarspronklike taal fan it eilân [[Man (eilân)|Man]], yn 'e [[Ierske See]], tusken [[Grut-Brittanje]] en [[Ierlân]] yn. Dizze taal stoar yn [[1974]] út, mar is sûnt it begjin fan 'e njoggentiger jierren ek wer nij libben ynblazen, sadat der no wer goed 100 memmetaalsprekkers en rom 1.700 twadde-taalsprekkers binne.