Wurdlid: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nedige side
 
L red
 
Rigel 1:
In '''wurdlid''' of '''syllabe''' is de minimale ienheid op it mêd fan 'e oardering fan in rige [[spraak]]lûden, dy't benammen brûkt wurde om (in gefoel fan) [[ritme]] yn it ferskynsel spraak yn te bringen. In wurdlid bestiet ornaris út in ferplichte kearn (meastal in [[fokaal]]), mei oan wjerskanten dêrfan ien of mear opsjonele tafoegings (hast altyd [[konsonant]]en). De ferdieling fan in wurd yn ûnderskate wurdlidden, hjit fan syllabifikaasje. Dêrby wurdt in wurdsegmint dat as de kearn fan in wurdlid tsjinje kin, omskreaun as syllabysk.
 
Om in foarbyld te jaan, is yn it wurdlid /bad/ de /a/ dus de kearn, wylst de /b/ en de /d/ de tafoegings binne. Om 'e betsjutting fan it wurd fêst te hâlden, binne fansels alle trije nedich, mar poer taalkundich sjoen binne /ba/, /ad/ en /a/ like goede wurdlidden. Inkeld de /a/ is ûnmisber, want /b/, /d/ en /bd/ binne gjin wurdlidden. Soms kinne konsonanten lykwols wol deeglik op harsels in wurdlid foarmje, al wurdt dat sa oer it algemien net skreaun. Tink mar oan it wurd "bûten", dêr't yn it sprutsen [[Frysk]] de "e" eins ûnhearber is; der wurdt eins "bût-n" sein. Yn sokke gefallen is de /n/ dus syllabysk. Itselde soe sein wurde kinne fan 'e /r/ yn "bûter" en fan 'e /l/ yn "beitel". It proses wêrby't de útspraak ferskoot fan in wurdlid mei in fokaal as kearn nei in syllabyske konsonant wurdt [[syllabisearring]] neamd.
 
Strukturele klassifikaasjes diele wurdlidden ek op yn in saneamde oanset (of ''onset'') en in [[rym]], of yn in oanset, in klimaks (of ''peak'') en in koda (of ''coda''). Om in foarbyld te jaan, by it wurd /kar/ is de /k/ de oanset, de /a/ de klimaks, de /r/ de koda en /ar/ it rym, dat nammentlik rymt op wurden as /mar/, /nar/ en /par/.