Slach by Austerlitz: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
LNo edit summary
Rigel 2:
De '''Slach by Austerlitz''' of de '''Trijekeizerslach''' barde op [[2 desimber]] [[1805]], by de [[Tredde Koalysjeoarloch]] tsjin it [[Earste Frânse Keizerryk|Frânske keizerryk]] fan [[Napoleon Bonaparte|Napoleon]]. Napoleon fersloech de [[Keizerryk Eastenryk|Eastenrykske]] en [[Ruslân|Russyske]] legers by [[Slavkov u Brna|Austerlitz]] (tsjintwurdich [[Slavkov u Brna]] yn [[Tsjechje]]).
 
Hoewol't mar 75.000 Frânsen it opnamen tsjin 90.000 tsjinstanners iswie it it militêr sjeny fan Napoleon dat beslissendbeskiedend blykte yn de slach: troch in opstelling yn de delling te kiezen boppe de strategysk better lizzende hichte lokke hy de Eastenrikers nei in minder ferdigene flank, wêrtroch't by de haadmacht fan de tsjinstanners de oandacht ferskode. Nei ôfwachte te hawwen oant de haadmacht úttinne, starte Napoleon yn de mist syn ferneamde "sprong fan de liuw". In Frânske troepenmacht fan 17.000 man besette de hichte en splite sa de troepen fan de tsjinstanner yn twa parten dy't dêrnei fan de hichte ôf beide oanfallen waarden. As needgreep sette de Russyske tsaar syn keizerlike garde yn de striid dy't in soad skea oanrjochte, mar te let wie om de Frânsen te ferdriuwen.
 
It Utertske plakje [[Austerlitz (Nederlân)|Austerlitz]] tanket syn namme oan dizze Frânse oerwinning. D6erDêr stiet de [[Piramide fan Austerlitz]], in bouwurk dat de Frânske generaal [[Auguste de Marmont]] yn [[1804]] troch syn soldaten bouwe liet.
 
== Keppeling om utens ==