Aldfrysk: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L →‎Skiednis: by de tiid
Rigel 22:
 
== Skiednis ==
De âldste oerlevere Fryske tekst wie lang in fragmintaryske [[Psalmen|psalm]]oersetting út 'e ein fan 'e [[tolfde ieu]], mar yn [[2015]] waard yn in fierders [[Latyn]]sktalich manuskript in koarte notysje yn it Aldfrysk ûntdutsen, besteande út 'e wurden ''Lesa mi, helpe mi'' ("Ferlos my, help my") en herte ande lenden god ("Hert en nieren God"), dy't datearret út 'e perioade [[1100]]-[[1125]].<ref>Boers, Erwin, ''Oudste Fries op perkament'', yn: de ''Ljouwerter Krante'', 23 juny 2015.</ref> Alle oare oerlevere teksten, benammentlik [[rjochtshânskrift]]en, binne fan 'e [[trettjinde ieu]] of letter. De measten datearje út 'e [[14e ieu|fjirtjinde]] en [[fyftjinde ieu]], want tusken [[1300]] en [[1500]] belibbe it Frysk as skriuwtaal in grutte bloeitiid. It waard brûkt yn alle fasetten fan it bestjoer yn [[Fryslân]], en wie sa wichtich dat al om [[1485]] hinne it earste drukte boek yn it Frysk ferskynde, de saneamde ''[[Freeska Landriucht|Alde Druk fan it Fryske Lânrjocht]]''. Dat is foar sa'n lytse taal tige seldsum, mei't de [[boekdrukkeunst]] amper 35 jier earder útfûn wie.
 
Om [[1500]] hinne kaam oan 'e bloeitiid fan it Frysk lykwols abrupt in ein. Foar in grut part wie dat in gefolch fan 'e ferovering fan Westerlauwersk Fryslân troch [[Albrecht fan Saksen]], dy't de rjochten oer dat gebiet yn [[1498]] yn 'e hannen krigen hie. Dy loek neitiid in grut tal útlânske amtners oan en ferfong it Frysk as bestjoerstaal troch it [[Hollânsk]]. It Frysk waard weromkrongen nei it plattelân, dêr't it, relatyf isolearre fan it Hollânsk troch de minne ferbinings fan dy tiid, as sprektaal fan sawat de hiele befolking fuortlibbe. De ein fan 'e Aldfryske perioade, dy't ornaris om [[1550]] hinne lein wurdt, falt gear mei dy tebekfal fan skriuw- ta sprektaal. Dêrnei sprekt men fan [[Midfrysk]], in taalfoarm dy't pas om [[1820]] hinne stadichoan yn it moderne [[Nijfrysk]] oergean soe. Taalkundich sjoen is it grutste ferskil tusken it Aldfrysk en it Midfrysk it feit dat it Aldfrysk noch in [[namfal]]lesysteem hie, wylst dat by de oergong nei it Midfrysk weiwurden of alteast yn ûnbrûk rekke wie.