Beda: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 9:
 
== Wurken ==
[[File:Beda - De natura rerum, 1529 - 4784142.tif|thumb|''De natura rerum'', 1529]]
Syn bekendste wurk is ''[[Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum]]'' (''Tsjerklike skiednis fan it Ingelske folk''), dêr't Beda de (tsjerke)skiednis fan it [[Angelsaksen|Angelsaksyske]] folk yn beskriuwt fan de tiid fan [[Julius Caesar|Caesar]] oantenmei it jier [[731]]. Dat wurk is fan grut belang foar ús kennis oer it politike en deistige libben út syn tiid. Ek foar ús Fryske skiednis foarmet it in boarne. Troch him witte wy dat [[Aldgillis]] in kening wie en net ûnderhearrich oan it [[Frankyske ryk]]. Foar Fryslân is Beda ek fan belang troch syn skriuwen yn de ''Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum'' as er yn diel 1,15 skriuwt oer de Angelsaksyske ynvaazje en [[Hengist en Horsa]]. Yn 2013 ferskynde in [[Frysk]]e oersetting fan in tal fragminten út ''Historia Ecclesiastica Gentis Anglorum'' fan de hân fan [[Klaas Bruinsma (literêr oersetter)|Klaas Bruinsma]].