Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
redsje
Rigel 1:
[[Ofbyld:DakToVietnam1966.jpg|thumb|right|300px|''Amerikaanske soldaten yn aksje yn Fjetnam'']]
De '''Fjetnamkriich''' of '''Fjetnamoarloch''', wie in wapene konflikt yn it tiidrek fan de [[Kâlde Kriich]]. It konflikt foel foar yn [[Fjetnam]], [[Laos]], en [[Kambodja]] fan [[26 septimber]] [[1959]] ôf oant [[30 april]] [[1975]]. De kriich waard útfjochte troch it [[kommunisme|kommunistyske]] [[Noard-Fjetnam]], stipe troch har kommunistyske bûnsmaten, en de regearing fan [[Súd-Fjetnam]], stipe troch de [[Feriene Steaten]] en oare anti-kommunistyske naasjes. De Fjetnamkriich wie de earste kriich dy't op de tillevyzje te sjen wie. It wie ek de earste kriich dêr't oer de hiele wrâld mânsk tsjin protestearre waard.
 
== Oanlieding ==
[[Ofbyld:Gen-commons.jpg|thumb|left|''Geneefske fredesbesprekkings'']]
It eardere [[Yndo-Sina]] (Fjetnam, Laos en Kambodja) wie sûnt healwei de [[19e iuw]] ûnder [[Frankryk|Frânsk]] bestjoer oant de [[Twadde Wrâldkriich]] dêr in ein oan makke. Yndo-Sina waard troch de [[Japan]]ners beset en yn dy tiid ûntstie in fersetsbeweging, de ''"Fietminh"'' neamd, besteande út nasjonalistyske kloften dy't harren krêften bondelen. Dizze beweging dêr't [[Ho Tsji-Minh]] de grutte lieder fan wie, rjochte harren ynearsten tsjin de Japanners en letter ek tsjin de Frânsken doe't dy nei de Japanske kapitulaasje werom kamen (sjoch: de [[Frânsk-Fjetnameeske kriich]]). De [[Feriene Steaten]] waard yn dizze kriich belutsen doe't sy de Frânsken militêre stipe joegen. De akkoarden fan Geneve, in fredesferdrach, makke yn july [[1954]] in ein oan dizze kriich. De koloniale hearskippij fan Frankryk oer Yndo-Sina einige, Laos en Kambodja waarden selsstannich en Fjetnam ferparte yn twa tiidlike sônes (skiedsline de 17e breedtegraad). Ek wie der ôfpraat dat yn [[1956]] yn hiel Fjetnam ferkiezings hâlden wurde soene.
 
Rigel 11:
Fan [[1959]] ôf besiket Noard-Fjetnam it rezjym yn Súd-Fjetnam te fal te bringen troch it suden yn tanimmende mjitte te ynfiltrearen. It rezjym fan Diem ropt lykwols sels ek in protte ferset op by de befolking. Boeren fersette harren tsjin twongen ferhuzings nei fersterke doarpen, dêr't sy tsjin kommunistyske ynfiltraasje beskerme wêze soenen, mar ek better kontroleare wurde kinne. De ûnrêst yn Súd-Fjetnam nimt hieltyd fierder ta. Op [[20 desimber]] [[1960]] rjochtsje Súdfjetnameeske gueriljastriders it Fjetnameeske Nasjonale Befrijingsfront ([[Fjetnameeske Nasjonale Befrijdingsfront|NLF]]) op, dat meastentiids de ''Fietkong'' neamd wurde en dat troch de Noardfjetnameeske kommunisten stipe waard. Troch de Amerikaanske presidint [[Eisenhouwer]] wurdt dêrom noch mear help stjoerd yn de foarm fan militêre en ekonomyske stipe. Dizze situaasje hie in oantal ynsidinten as gefolch, wêrûnder de foarfallen rûn de golf fan Tonkin, dy't úteinlik de direkte oanlieding foar de kriich wurde soe.
 
[[Ofbyld:Boeing B-52 dropping bombs.jpg|thumb|right|250px|''Amerikaanske [[Boeing B-52 bommenwerperStratofortress|B-52]] dyoan't bommen smiet''bombardearjen]]
Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfjetnameeske [[Pleikû]], joech presidint [[Johnson]] yn febrewaris [[1965]] it befel Noard-Fjetnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fjetnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de kriich eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de kriich winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fjetnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftkriich allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.