Fjetnamoarloch: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
redsje
Rigel 9:
 
== Kriichsferrin ==
Fan [[1959]] ôf besiket Noard-Fjetnam it rezjym yn Súd-Fjetnam te fal te bringen troch it suden yn tanimmende mjitte te ynfiltrearen. It rezjym fan Diem ropt lykwols sels ek in protte ferset op by de befolking. Boeren fersette harren tsjin twongen ferhuzings nei fersterke doarpen, dêr't sy tsjin kommunistyske ynfiltraasje beskerme wêze soenen, mar ek better kontroleare wurde kinne. De ûnrêst yn Súd-Fjetnam nimt hieltyd fierder ta. Op [[20 desimber]] [[1960]] rjochtsje Súdfjetnameeske gueriljastriders it Fjetnameeske Nasjonale Befrijingsfront ([[Fjetnameeske Nasjonale Befrijdingsfront|NLF]]) op, dat meastentiids de ''Fietkong'' neamd wurde en dat troch de Noardfjetnameeske kommunisten stipe waard. Troch de Amerikaanske presidint [[Dwight D. Eisenhower|Eisenhouwer]] wurdt dêrom noch mear help stjoerd yn de foarm fan militêre en ekonomyske stipe. Dizze situaasje hie in oantal ynsidinten as gefolch, wêrûnder de foarfallen rûn de golf[[Golf fan Tonkin]], dy't úteinlik de direkte oanlieding foar de kriich wurde soe.
 
[[Ofbyld:Boeing B-52 dropping bombs.jpg|thumb|right|250px|Amerikaanske [[Boeing B-52 Stratofortress|B-52]] oan't bombardearjen]]
Nei in kommunistyske mortieroanfal op de Amerikaanske loftmachtbasis yn it Súdfjetnameeske [[Pleikû]], joech presidint [[Lyndon B. Johnson|Johnson]] yn febrewaris [[1965]] it befel Noard-Fjetnam te bombardearjen. Yn maaie arrivearren de earste grûntroepen yn Súd-Fjetnam, dêr't it tal tsjin de ein fan it jier fan oanwaakse wie ta 180.000. It meastepart fan de soldaten die mei as frijwilliger, mar dat oandiel soe gau ferminderje doe't de kriich eskalearre. It optreden fan de Amerikaanske presidint wie wifeljend. Hy woe de kriich winne, mar sûnder neidielige politike gefolgen. De bombardeminten dêr't hy opdracht foar joech (sawol yn Noard- as Súd-Fjetnam), kostje in protte slachtoffers ûnder de boargers. Fierder spile mei dat de Fietkong hieltyd hurder werom begûn te fjochtsjen neigeraden dat it tal bombardeminten tanomd. It die bliken dat in loftkriich allinnich net genôch wie. Tsjin in fijân dy't oeral oanwêzich is en himsels sûnder probleem fermomme koe as boarger is it dreech fjochtsje.
 
Tusken [[1965]] en [[1968]] waard de Amerikaanske oanwêzigens hieltyd fierder opboud en begûn de kriich oare foarmen oan te nimmen. Behalve offinsive bombardeminten moasten de hieltyd swierder wurdende oanfallen fan de Fietkong tsjin hâlden wurde. Dêrfoar moast it oantal soldaten noch fierder útwreide wurden. It tal rûn op oant 536.000 troepen yn 1968. Wienen de Amerikaanske slachtoffers yn 1965 noch mar 636, dat oantal wie yn 1968 oprûn ta goed 30.600 Amerikaanske deaden. De Amerikaanske media wie ynearsten posityf west oer de Fjetnamkriich, mar rûn 1966 en 1967 begûn sy in krityske toan oan te slaan, doe't sy yn de gaten krigen dat de kriich eskalearre. Meardere kranten en de grutte tv-senders begûn fragen te stellen oer de Fjetnam-polityk. Dêrneist waard harren berjochtjouwing hieltyd minder naukeurich, wêrtroch de yndruk waard wekt dat Amerikaanske soldaten grouwélige moarden pligen, en gjin oerwinnings mear behelle koenen, en dat Amearika yn hopeleaze kriich fersyld rekke wie. It publyk reageare ûntset op it grutte tal deaden en wûnen. Hieltyd gruttere oantallen manlju wegeren yn militêre tsjinst te gean. Dêrtroch waard de Amerikaanske regearing twongen om mear minsken, fral earmen en swarten sûnder konneksjes, yn tsjinst te gean; de riken koenen makliker de tsjinst ûntrinnen. Dat sette in soad kwea bloed. Tusken 1967 en 1971 stige it persintaazje minsken dat tsjinst wegere op morele grûn fan 8% nei 43%.
Rigel 21:
Yn juny 1969 makke de nije presidint [[Nixon]] bekend dat gau in begjin makke wurde soe mei it weromlûken fan de Amerikaanske troepen út Súd-Fjetnam en mei 'fjetnamisearing' fan de kriich (feitlik in weromkear ta de boargerkriich). Yn maart 1972 wienen der noch 60.000 man Amerikaanske grûntroepen oerbleaun dy't net mear oan de gefjochtshannelingen meidienen. Wol waarden de bombardeminten op Noard-Fjetnam yn desimber 1971 troch de Amerikanen ferfette en yn april 1972 útwreide. Yn opdracht fan Nixon wiene der fan 18 oant 30 desimber mânske bombardeminten op de grutte Noardfjetnameeske stêden.
 
Op [[23 jannewaris]] [[1973]] waarden troch [[Henry Kissinger]] en troch de Noardfjetnameeske ôffurdige [[Le Duc Tho]] de saneamde ''Akkoarden fan Parys'' sletten, dêr't offisjeel in ein mei kaam oan de Fjetnamkriich. It weromlûken fan de lêste Amerikaanske troepen einige yn maart 1973.
 
== Neisleep ==