Tydskrift foar Fryske Taalkunde: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
L TFT werneamd ta Tydskrift foar Fryske Taalkunde: namme folút
L [[]]
Rigel 1:
It '''Tydskrift foar Fryske Taalkunde''' (TFT) wie in Frysktalich tydskrift dat ferskynde fan [[1985]]-[[1995]] en waard oprjochte troch [[Siebren Dyk]], [[Jarich Hoekstra]] en Willem Visser. Nei fiif jiergongen ferliet Siebren Dyk de redaksje en waard opfolge troch Durk Veenstra.
Siebren Dyk, Jarich Hoekstra en Willem Visser. Nei fiif jiergongen ferliet Siebren Dyk de redaksje en waard opfolge troch Durk Veenstra.
 
De oprjochters wienen jongere [[Frisistyk|frisisten]], destiids alle trije wurkjend by de [[Fryske Akademy]]. It inisjatyf foar in nij tydskrift ûntstie út ûnfrede: der soe yn de besteande frisistyske tydskriften ye min omtinken jûn wurde oan wittenskiplike diskusje, wylst de publikaasjes nei harren miening te min oansluten by de ynternasjonalynternasjonale taalkundige ûntwikkelingen. Boppedat wie der gjin tyskrift dat him hielndalhielendal oan de taalkunde fan it frysk wijde. Sa soenen ynteressearden harren taalkundige krinten út de ûnderwiiskundige, histoaryske, folkskundige, sosjaal-wittenskiplike of literêre brij sykje moatte. Troch in aktyf redaksjebelied hoopten de oprjochters mei TFT de Friese taalkunde kwalitatyf en kwantitatyf op in heger plan te bringen.
 
It fernijende oan TFT hat west, dat der neist artikels, ek bewust romte ynromme waard foar oare rubriken. Sa waard de taalkundige frisistyk kritysk folge middels resinsjes (de rubryk 'Besprek') en wie der romte foar taalkundige polemyk (de rubryk 'Opmerkingen en diskusje'). En der wie de dokumintearjende rubryk 'Op it mêd', wêryn publikaasjes – en net allinnich fisistyske – sinjalearre waarden dy't fan belang binne foar de Fryske taalkunde.
Line 9 ⟶ 8:
 
It Grinzer frisistyske tydskrift [[Us Wurk]] – de trije oprjochters sieten letter yn de redaksje – hat de rubryk 'Op it mêd', dêr't ferlet fan blykte te wêzen, oernomd. Ek krige Us Wurk doe in bloeiende rubryk 'Besprek'. It Tydskrift foar Fryske Taalkunde hat sa yndirekt syn spoaren yn de frisistyk neilitten.
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* [http://www.wumkes.nl/index.php?volg=1 Webstee Wumkes]