Kamp Vught: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje útwreide
Rigel 1:
{{stobbe}}
'''Kamp Vught''' ([[Dútsk]]: '''Konzentrationslager Herzogenbusch''') wie ien fan de trije [[konsintraasjekamp]]en yn Nederlân yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Kamp Vught lei tichtby de rekreaasjeplasse de ''IJzeren Man''.
[[Ofbyld:Kamp Vught 1945.jpg|thumb|Kamp Vught]]
 
Dit kamp waard laat fan de [[Schutzstaffel|SS]], oars as de oare kampen. De lizzing waard mei bepaald troch de neite fan [[De Bosk]]; it waard dêrom troch de de Dútsers oantsjut as ''Konzentrationslager Herzogenbusch''. Yn De Bosk wienen in oantal lanlike Dútske ynstellingen en it kamp lei tichteby goede wegen en it spoar. It kamp moast as 'modelkamp' tsjinje. It wie it iennige kamp bûten [[Dútslân]] yn West-Europa dat as [[konsintraasjekamp]] registrearre wie.
 
== De bou ==
De bou waard yn [[1942]] mei út ein set, nei it model fan ''Konzentrationslager'' yn Dútslân en de troch dat lân anneksearre gebieten. De bou waard betelle troch [[Lippmann, Rosenthal & Co. (Sarphatistraat)|Liro]], de Dútske roofbank dy't de tegoeden fan deportearre Nederlânske [[Joaden]] behearde. Doe't de earste finzenen út [[kamp Amersfoort]] oankamen, wie it kamp noch net klear. De finzenen moasten it sels ôfbouwe. Om it kamp hinne waard in grêft dold en om de 100 meter waard in wachttoer set. It kamp wie 1 kilometer by 350 meter.
 
It kamp hie yn de oarloch trije kommandanten:
* [[SS]]-[[Hauptsturmführer]] [[Karl Walter Chmielewski]] yn de earste moannen
* SS-[[Sturmbannführer]] [[Adam Grünewald]] fan oktober 1943 oant jannewaris 1944
* SS-Sturmbannführer [[Hans Hüttig]] fan febrewaris 1944 oant it kamp tichtgie
 
== Finzenen en deaden ==