El Niño: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
Rigel 13:
 
== Gefolgen ==
Ornaris wurdt it wetter foar de westkust fan Súd-Amearika oanfierd troch in súdlike streaming dy't kâld wetter út it [[Súdpoal]]gebiet oanfiert. Dat kâlde wetter is tige fiedsel- en fiskryk. Yn in El Niño-jier treedt lykwols in streaming op dy't tropysk oseaanwetter oanfiert út de omjouwing fan Yndoneezje en de [[Filipinen]] (1982-'83 en 1997-'98 respektivelik 2,85 en 2,8 graden Celsius waarmer). Dat waarme wetter befettet folle minder fiedingsstoffen en dus ek folle minder fisk. Foar de Súd-Amerikaanske fiskers betsjut dat in ekonomyske ramp. Boppedat ferdampt it opwaarme oseaanwetter hurder as normaal, wêrtroch't it normaal sprutsen útsûnderlik droege gebiet yn in jier fan El Niño teistere wurdt troch swiere reinfal. Dit liedt yn de [[Andes]] faak ta [[ierdferkowingierdferskowing]]en en modder[[lawine]]s dy 't yn bewenne gebieten ferskuorrende gefolgen hawwe kinne.
 
Oan de oare kant fan de Grutte Oseaan, fan [[Austraalje (kontinint)|Austraalje]] oant [[Yndoneezje]], binne de gefolgen ek slim. Dêr liedt El Niño krekt ta in perioade fan útsûnderlike droechte, mei grutte gefolgen foar de pleatslike lânbou. De útsûnderlik krêftige El Niño fan [[1997]]-[[1998|'98]] late boppedat ta grutte boskbrânen yn Yndoneezje. Pleatslike boeren hawwe de gewoante om stikjes bosk plat te baarnen foar nij ikkers. Brantsjes dy't gau útgeane troch it fochtige, tropyske klimaat. Mar as de rein yn de El Niño-jierren útbliuwt, kinne se útgroeie ta katastrofale fjoerseeën. Yn 1997-'98 late dat ta slimme smogfoarming oant yn [[Singapore]]. Boppedat, sa hawwe [[Dútslân|Dútse]], Britske en Yndonesyske ûndersikers oantoand, pompten de oanhâldende boskbrânen seker 2,6 miljard ton [[Koaldiokside|CO<sub>2</sub>]] yn de atmosfear. Dêrmei leveren se in grutte wrâldwide en fielbere bydrage oan it [[broeikaseffekt]].
 
Ek yn de rest fan de wrâld is it effekt fan El Niño grut. Sa is berekkene dat de krêftige El Niño yn [[1982]]-[[1983|'83]] wrâldwiid in skea fan 8,2 miljard dollar feroarsake hat. De lêste El Niño fan [[1997]]-[[1998|'98]] hat neffens de [[Fiedsel- en Lânbouorganisaasje]] yn mear as sechtich lannen oanlieding jûn ta ekstreme waarsomstannichheden. Yn totaal binne 41 lannen troffen troch oerstreamings en 22 troch droechte. De skea dy't de lêste El Niño feroarsake hat wie in mannichfâld fan it skeabedrach yn 1982-'83. Mar El Niño hat ek positive effekten. Sa komme der dan minder [[orkaan|orkanen]] foar boppe de [[Atlantyske Oseaan]] en it [[Karibysk gebiet]], en is de winter yn trochsneed minder strang yn it noarden fan de [[Feriene Steaten]].
Rigel 21:
Yn [[West-Europa]] binne de effekten fan El Niño net sa grut. In El Niño liedt yn [[Nederlân]], [[Statistyk|statistysk]] sjoen oer de perioade [[1870]]-[[2000]], ta in relatyf wiete maitiid.
 
== Sjoch ek ==
'sjoch ek'':* [[La Niña]]
 
== El Niño yn in feroarjend klimaat ==