Klavesimbel: ferskil tusken ferzjes

L
→‎Toanfoarming: French spelling (François-Étienne)
L (Removing Link FA template (handled by wikidata))
L (→‎Toanfoarming: French spelling (François-Étienne))
De âldste Flaamske klavesimbels hiene twa registers, dat wol sizze, eltse toets hie twa snaren, ien op gewoane toanhichte, de saneamde acht-foet, en in register dat in oktaaf heger klonk, mei snaren dy't heal sa lang wiene as it acht-foetsregister, dit register neamt men de fjouwer-foet. Ek makke men klavesimbels mei twa acht-foets registers. Om' t men yn 'e [[17e iuw]] maklik transponearje woe, boude men yn Flaanderen ek klavesimbels mei twa klavieren, wêrby' t elts klavier in eigen toanhichte hie. Letter, likernôch om 1650 hinne, waarden de Flaamske klavesimbels boud mei twa klavieren mei likense toanhichte en koe men de klavieren koppelje, wat de mooglikheden foar de registraasje tige fergrutte.
 
De Frânske bouwers namen nei 1680 de Flaamske bouwwizen oer, wreiden de klaviergrutte út fan fjouwer nei fiif oktaven (grande ravalement) en makken de Frânske ynstruminten ta de moaiste fan de [[18e iuw]], mei bouwers as Francois EtienneFrançois-Étienne Blanchet en syn learling Pascal Taskin. Hjoeddeise bouwers brûke harren ynstruminten faken as foarbyld.
 
== Skiednis ==
54

bewurkings