Kjifdieren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link GA template (handled by wikidata)
Rigel 44:
 
== Uterlike skaaimerken en ûntwikkeling ==
De measte kjifdieren binne lytse bistkes mei robúste lichems, koarte lidden en lange [[sturt]]en, al binne der frijwat útsûnderings op dy regel. De bekendste dêrfan sil de [[bever]] wêze, dy't folle grutter is, mei in platte sturt. De grutste noch libbene kjifdieresoarte is de [[Súd-Amearika|Súdamerikaanske]] [[kapybarakapibara]], dy't in sa grut is as in [[skiep]], en in gewicht fan 66 kg berikke kin. De grutste [[fossyl|fossile]] soarte is de [[reuzepakarana]] (''Josephoartigasia monesi''), krektlyk út Súd-Amearika, dy't fan it [[Plioseen]] oant it iere [[Pleistoseen]] libbe en 1.500 kg weage. De âldste kjifdierfossilen datearje út it [[Paleoseen]]. Hja ûntjoegen har yn it [[Eoseen]] yn ferskate rjochtings, en begûnen har yn datseldichste tiidrek oer de hiele wrâld te fersprieden, soms troch [[oseaan|oseanen]] oer te stekken. Oars as de measte [[plasintadieren]] wist ien ûnderfamylje fan 'e kjifdieren (nammentlik dy fan 'e [[mûzen en rotten]]) [[Austraalje (wrâlddiel)|Austraalje]] te berikken en te kolonisearjen, hoewol't se yn [[Nij-Seelân]] en op 'e eilannen yn 'e [[Stille Súdsee]] pas hiel resint mei minsklike help wisten te kommen.
[[Ofbyld:Peach 2.jpg|left|thumb|200px|In [[goudhamster]].]]