Content deleted Content added
Mathys1995 (oerlis | bydragen)
No edit summary
No edit summary
Rigel 9:
Mathys, ik wol jo graach even komplimintearje mei jo kreaze siden oer (û.o.) loftfeartmaatskippijen. In dikke tomme omheech. Gean sa troch! Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 26 jul 2015, 00.33 (CEST)
:Tige, tige tank! Dêr wurdt in minske fleurich fan! ([[Meidogger:Mathys1995|Mathys1995]] ([[Meidogger oerlis:Mathys1995|oerlis]]) 26 jul 2015, 09.45 (CEST))
 
Goejûn, Mathys. Ik haw sjoen dat jo de ynfoboksen foar bedriuwen en organisaasjes sels al fûn hawwe, en der sels in kreazenien foar loftfeartmaatskippijen bymakke hawwe. Ik wit net oft jo ek fan doel binne om biografyen te skriuwen, en as jo dat dogge, wol ik jo ek beslist net twinge om dêr ynfoboksen foar te brûken. Dat moatte jo hielendal sels witte. Mar sels fyn ik it altyd wol noflik om mei ynfoboksen te wurkjen, en dêrom haw ik ferskaten oanmakke foar persoanen. Mar der bestiene ek al guon, en dêrom rint de nammejouwing wat útinoar en kinne se dus wat dreech te finen wêze. Dêrom tocht ik dat it miskien handich is om se even foar jo op in rychje te setten:
*[[Berjocht:Akteur]]
*[[Berjocht:Artyst of kabaretier]]
*[[Berjocht:Keunstner]]
*[[Berjocht:Militêr]]
*[[Berjocht:Model]]
*[[Berjocht:Pornoakteur]] (foar iderien yn 'e seksyndustry)
*[[Berjocht:Regisseur of produsint]]
*[[Berjocht:Sjonger of muzikant]]
*[[Berjocht:Ynfoboks skriuwer]]
*[[Berjocht:Ynfoboks sporter]]
*[[Berjocht:Telefyzje- of radiopersoanlikheid]]
*[[Berjocht:Dyn koart]] (foar politisy, keningen en sa; wêr't de namme op slacht, dat wit ik ek net: dizze ynfoboks bestie al en haw ik allinnich mar oanpast)
*[[Berjocht:Persoan algemien]] (foar iderien dy't net yn ien fan 'e boppesteande boksen thúsheart)
Sa. Ik hoopje dat jo der wat oan hawwe. By fragen kinne jo altyd by my telâne, allinnich, ik bin lang net alle dagen op 'e Wikipedy aktyf, dus it antwurd kin wolris even op him wachtsje litte. Groetnis, [[Meidogger:Ieneach fan 'e Esk|Ieneach fan 'e Esk]] ([[Meidogger oerlis:Ieneach fan 'e Esk|oerlis]]) 27 jul 2015, 22.11 (CEST)