Frysk op kompjûters: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Frysktalige programma's: Ferpleatst nei artikel Open-Tran.eu
taalflaters
Rigel 33:
 
=== Linux ===
By [[Linux]] kin de wize fan fêstlizzefêstlizzen fan ynstellingen per distribúsje ferskille!
 
Earst moat de 'LANG'-omjouwingsfariabele fêstlein wurde op systeem- of brûkersnivo. Foar it Frysk is dat: fy_NL (standert yn glibc), fy_NL@euro of fy_NL.UTF-8 (resp.: taal_LAN[Tekenset ISO-8859-1, ISO-8859-15 of UTF-8]), mar meast sil foar in Nederlânske taal- en lânynstelling keazen wurde mei deselde tekenset. In Fryske LANG kin altiten noch eksportearre wurde yn in (sub)shell by it opstarteopstarten fan in inkeld programma ([[#Frysktalige programma's|Fryske oersettingen]] sille dan ek automatysk te sjen wêze). Foar it brûk fan UTF-8 yn de console, en it euroteken yn de console of [[X-server]] kinne ekstra ynstellingen nedich wêze.
 
De kaaiboerdyndieling moat apart ynstelle wurde foar de console en de grafyske skyl (X-server). By sawol in Amerikaansk as Nederlânsk kaaiboerd, kin keazen wurde út twa manieren om letters mei aksinten te typetypen:
*'dead keys': druk in aksint yn, en dêrnei de letter (mar in spaasje jout allinnich it aksint).
*'compose key': druk de gearstalkaai yn (b.g. ljofter Microsoft-kaai), typ dêrnei de letter en aksint (aksint dan letter kin ek).
Rigel 65:
Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:
* De [[Fryske Akademy]] hat in staveringshifker foar Frysk ûntwikkele. Dizze wurket allinnich yn Microsoft Office ûnder Windows, mar komt meikoarten ek beskikber foar Mac OS X, iOS en Android.
* Oare grutte programma's brûke it iepenboarne systeem fan [[Hunspell|Hunspell/Myspell]]. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje, mar dizze wurdlist is net sa grut, en is al jierren net mear bywurke. It Frysk [[Mozilla]]-team hat folle gruttere wurdlisten wêr koartlyn oan wurke is, dy't better brûkt wurde kinne. Om wurdlisten hânmjittich op systeemnivo ta te foegjefoegjen, moat ien triempear mei de .aff- en .dic-ekstinsje nei de dêrfoar bestimde map ferpleatst wurde. Dizze twa triemmen kinne b.g. út de Firefox-tafoeging 'Frysk Wurdboek' wei helle wurde (triem hat de .xpi-ekstinsje, mar is in ZIP-triem). De standertlokaasje foar wurdlisten op [[POSIX]]-systemen (OS X, Linux, BSD ensfh.) is /usr/share/{my,hun}spell{,/dicts}.
* Folle programma's brûke ek wol it iepenboarne [[Aspell]] (opfolger fan [[Ispell]]), in goed staveringshifker. Allinnich liket dat de Fryske wurdlisten net mear ûnderhâlde wurde. De lêste ferzje is fan 2007, en befettet de nijste stavering net.
* De standert programmastandertprogramma's fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.
 
By it kontrolearjekontrolearjen fan teksten kinne ûnbekende wurden sels oan de listen tafoege wurde, troch mei de mûs op in knopke te klikkeklikken.
 
== Frysktalige programma's ==
Dêr't it skriuwen fan Frysk al in probleem is, binne der fansels ek net folle programma's dy't Fryske tagong hawwe. Dat jildt benammen foar bestjoeringssystemen. Der binne al wat projekten om foar [[Iepenboarne programmatuer|iepenboarne]] programmatuer de tagong oer te setten nei it Frysk ta.
 
Programmeurs fan iepenboarne programma's, stelle yn it miene bydragen fan elkenien oan (nije) oersettingen tige op priis, om't it de status fan it programma ferheget en mear brûkers bynt. Sawol it programmearjeprogrammearjen as it oersetteoersetten is meast hobbywurk. Foar it skriuwen en ûnderhâld fan oersettingen is gjin hege kompjûterkennis fereaske, mar wol bedreaunens mei it gebrûk fan it programma.
 
{| class="wikitable sortable" style="width: auto; text-align: center; table-layout: fixed;"