Frysk op kompjûters: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎Frysktalige programma's: Ferpleatst nei artikel Wapedia
Ferpleatst nei artikel Hunspell
Rigel 65:
Der binne fjouwer ferskillende systemen foar staveringshifking, dy't meast net frij keazen wurde kinne:
* De [[Fryske Akademy]] hat in staveringshifker foar Frysk ûntwikkele. Dizze wurket allinnich yn Microsoft Office ûnder Windows, mar komt meikoarten ek beskikber foar Mac OS X, iOS en Android.
* Oare grutte programma's brûke it iepenboarne systeem fan [[Hunspell|Hunspell/Myspell]]. Foar OpenOffice is der sûnt febrewaris 2007 in Fryske ferzje, mar dizze wurdlist is net sa grut, en is al jierren net mear bywurke. It Frysk [[Mozilla]]-team hat folle gruttere wurdlisten wêr koartlyn oan wurke is, dy't better brûkt wurde kinne. Om wurdlisten hânmjittich op systeemnivo ta te foegjen, moat ien triempear mei de .aff- en .dic-ekstinsje nei de dêrfoar bestimde map ferpleatst wurde. Dizze twa triemmen kinne b.g. út de Firefox-tafoeging 'Frysk Wurdboek' wei helle wurde (triem hat de .xpi-ekstinsje, mar is in ZIP-triem). De standertlokaasje foar wurdlisten op [[POSIX]]-systemen (OS X, Linux, BSD ensfh.) is /usr/share/{my,hun}spell{,/dicts}.
* Folle programma's brûke ek wol it iepenboarne [[Aspell]] (opfolger fan [[Ispell]]), in goed staveringshifker. Allinnich liket dat de Fryske wurdlisten net mear ûnderhâlde wurde. De lêste ferzje is fan 2007, en befettet de nijste stavering net.
* De standertprogramma's fan Mac OS X hawwe in eigen staveringshifker, AppleSpell, mar in Fryske wurdlist ûntbrekt.
Rigel 340:
* [http://www.ffu-frl.eu/nije.list.komp.begripen.Cor.J.pdf Earste algemiene list fan kompjûterbegripen foar de Fryske taal (PDF-triem 2012)]
* [https://www.fryske-akademy.nl/fryske-akademy/utjeften/staveringshifker/ Staveringshifker foar Microsoft Office]
* [http://www.mozilla-nl.org/nl/node/173 Fryske wurdlisten foar Hunspell/Myspell]
 
[[Kategory:Frysk]]