Ryddjip (rivier): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SamoaBot (oerlis | bydragen)
L Bot: Migrating 3 interwiki links, now provided by Wikidata on d:Q2153647
LNo edit summary
Rigel 3:
It '''Ryddjip''' is in wetter dat fan [[Grins (stêd)|Grins]], by de [[Noarderhaven]], nei de [[Lauwersmar]] ta rint.
 
Fan [[Wierumerskou]] ôf is it Ryddjip de kanalisearre [[ûnderrin]] fan de [[Hunze]]. It part fan Grins oant Wierumerskou is sûnt [[1385]] de dolle ûnderrin fan de [[Drintske Aa]]. It part wurdt ek wol it ''Swannerak'' neamd, mar dizze namme is yn ûnbrûk rekke. Yn it ferline binne, as gefolch fan fersâning, parten rjochtlutsen. Guon fan dizze parten habbe har eigen namme. It Swellerak ([[1622]]) leit benoarden [[Oldehove]], it [[Langerak]] ([[1629]]) leit by Garnwert.
 
Oant de oanlis fan it [[Iemskanaal]] yn [[1876]] wie it Ryddjip de ienige ferbining fan Grins mei de see. De Noarderhaven fan Grins wie dan ek in [[tijhaven]]. Troch it lizzen fan in dyk fan Sâltkamp nei de Nittershoeke, mei dêryn in [[syl]] en in [[skutslûs]] ferdwûn de iepen ferbining. Yn 1877 wie de ôfsluting folslein. Mei dit alles ferdwûn ek de ynfloed fan it tij út de stêd.