Robert Burns: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red hiele side + oanf
L →‎Karriêre: redsje
Rigel 39:
Nettsjinsteande syn kundigens, warberens en karakter briek William Burnes alles by de hannen ôf, en teach er mei syn gesin fan 'e iene pachtpleats nei de oare sûnder dat er ea foarútbuorke. Yn [[1777]] ferfear it gesin sadwaande nei de pleats Lochlea, by [[Tarbolton]], dêr't se bleaune oant Burnes syn ferstjerren yn [[1784]]. Yn Tarbolton joech Robert Burns him der goed by; sa waard er yn [[1779]] tsjin it sin fan syn heit yn lid fan in [[dûns]]feriening en rjochte er mei syn broer Gilbert yn [[1780]] in jongfeinteklub op. Op [[4 july]] [[1781]] waard er boppedat lid fan 'e pleatslike [[frijmitselder]]slôzje St. David, fan Tarbolton. Burns jildt as ien fan 'e meast yllústere en ferearde fan alle Skotske frijmitselders. Syn ierst oerlevere brieven datearje ek út dizze tiid, en dêrút docht bliken dat er doe in [[Alison Begbie]] it hof makke, mar hoewol't er fjouwer fersen foar har skreau en suggerearre dat er wol mei har trouwe woe, krige er neewurd.
 
Burns hold lykwols oan mei it skriuwen fan poëzij, ek doe't it gesin yn [[maart]] [[1784]], koarte tiid nei it ferstjerren fan syn heit, nei in oare pachtpleats te Mossgiel ferhúzje moast, deunby it doarp [[Mauchline]]. Yn dy tiid siet Burns der sa krap ta dat er op it oanbod fan in freon yngie om oersee nei de [[Grut-Brittanje|Britske]] [[koloanje]] [[Jamaika]] te gean, dêr't er foar [[Britske pûn|£]]30 jiers [[boekhâlder]] wurde koe op in [[sûkerPlantaazje|sûkerplantaazje]]plantaazje. Hoewol't Burns syn egalitêre ideeën, dy't er seis jier letter ûnder wurden bringe soe yn ''The Slave's Lament'' ("De Klaachsang fan in Slaaf"), harharren oars net lienden foar wurk by in ûndernimming dy't draaiende holden waard troch [[slavernij|slave-arbeid]], koed er fan ideälen net itende bliuwe.
[[File:AU_Burns_Canberra.jpg|left|thumb|250px|It stânbyld fan Burns yn 'e [[Austraalje (lân)|Australyske]] haadstêd [[Canberra]].]]
 
Rigel 52:
[[File:River_Nith_at_Ellisland.JPG|left|thumb|250px|De rivier de [[Nith (rivier)|Nith]] dêr't dy Ellisland Farm trochkrúst.]]
 
Nei't er it buorkjen opjûn hie, ferhuze Burns yn [[1791]] nei [[Dumfries]]. Dêr belibbe er ien fan syn produktyfste perioaden, en doe't er frege waard om teksten te skriuwen foar de útjefte ''The Melodies of Scotland'', reägearre er troch mei mear as 100 lietteksten op 'e lapen te kommen. Behalven dat er trochgie mei syn wurk foar Johnson syn ''The Scots Musical Museum'', levere er ek wichtige bydragen oan ''A Select Collection of Original Scottish Airs for the Voice'', fan [[George Thomson (musikusmuzikus)|George Thomson]]. Net inkeld lei er âlde folkssankjes skriftlik fêst, mar soms feroare er se ek of folle er se oan. Guon teksten dy't er foar lieten skreau, wiene net op eigen wiis, mar wiene adaptaasjes fan âldere [[liet]]en. Sa sette er ien fan syn bekendste fersen, ''Auld Lang Syne'', op 'e muzyk fan it folkssankje ''Can Ye Labour Lea''; ''A Red, Red Rose'' sette er op 'e wize fan ''Major Graham''; en ''The Battle of Sherramuir'' koe songen wurde op 'e wize fan 'e ''Cameronian Rant''.
 
===Priveelibben===