Wesley C. Dykstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
(Gjin ferskil)

De ferzje fan 9 aug 2015 om 19.18

Wesley C. Dykstra (Orange City (Iowa), 1922Cleveland (Ohio), 16 desimber 2008) wie in Amerikaansk predikant en heechlearaar filosofy fan etnysk Frysk komôf. Hy wie in soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra.

Wesley C. Dykstra
persoanlike bysûnderheden
echte namme Wesley C. Dykstra
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1922
berteplak Orange City (Iowa)
stoarn 16 desimber 2008
stjerplak Cleveland (Ohio)
etnisiteit Frysk
wurkpaad
berop/amt predikant, filosoof
aktyf as heechlearaar
jierren aktyf 19461987

Libben en karriêre

Dykstra waard yn 1922 berne yn Orange City, yn 'e Amerikaanske steat Iowa, as de soan fan 'e yn Nederlânske ymmigrantefermiddens yn 'e Feriene Steaten bekende útjouwer, skriuwer en predikant Broer Doekeles Dykstra (1871-1955) en dy syn frou Nellie Schippers (1890-1975).

Nei't er yn 1946 ôfstudearre wie oan it Hope Kolleezje yn Holland, yn 'e steat Michigan, learde Dykstra fierder oan it Western Theological Seminary yn Holland, en oanslutend died er in doktorale stúdzje oan it Union Theological Seminary yn New York.

Hy wurke neitiid ferskate jierren as heechlearaar filosofy oan it Muskingum Kolleezje yn New Concord, yn Ohio, oant er yn 1958 yn dyselde posysje oansteld waard oan it Alma Kolleezje yn Alma (Michigan). Yn 1985 naam er ôfskie as heechlearaar, mar Dykstra bleau oan it Alma Kolleezje ferbûn oant syn pinsjoen, yn 1987. Neitiid bleau er yn Alma wenjen, mar hy kaam yn 2008 te ferstjerren yn Cleveland Clinic yn Cleveland, yn 'e âlderdom fan 86 jier. Hy hie gjin bern.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes: