Doktoraat: ferskil tusken ferzjes

264 bytes grutter ,  7 jier lyn
L
noch wat
(nedige side)
 
L (noch wat)
 
It eigentlike beheljen fan in doktoraat wurdt de promoasje neamd, en de persoan dy't dat docht is de promovindus. Neidat in [[promoasjekommisje]] fan saakkundigen it proefskrift beoardiele hat, komt it yn it gefal fan goedkarring ta in [[promoasjeplechtichheid]]. Dy kin op syn betiidst trije jier nei oanfang fan it ûndersyk plakfine. Sa'n seremoanje bestiet út in iepenbiere mûnlinge ûnderfreging troch [[dosint]]en en [[heechlearaar]]s fan 'e oangeande fakulteit, wêrby't de promovindus syn of har proefskrift ferdigenje moat tsjin krityske fragen en opmerkings. Sa't de namme al seit is dit lykwols inkeld in plechtichheid, en bestiet der nei goedkarring troch in promoasjekommisje yn prinsipe gjin kâns mear dat it proefskrift by de promoasjeplechtichheid noch ôfwiisd wurde kin. Oan 'e ein fan 'e seremoanje wurdt oan de promovindus syn of har [[doktoraatsdiploma]] (of promoasjebul) oerlange.
 
Der besteane ek [[earedoktoraat|earedoktoraten]]. Dat binne ûnderskiedings ta earbetoan dy't troch universiteiten útrikt wurde oan lju dy't har bysûnder fertsjinstlik makke hawwe foar de maatskippij yn it algemien. Hjirfoar hoecht dus net studearre te wurden.
 
It doktoraat moat net betize wurde mei it [[doktoraaleksamen]], it ôfslutende eksamen dat foarhinne yn [[Nederlân]] late ta de titel [[doktorandus]] (drs.), dy't ûnderwilens ferfongen is troch dy fan [[master (akademyske graad)|master]].