Ali ibn Abi Talyb: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L red+kat
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Investiture of Ali Edinburgh codex.jpg|right|thumb|250px|Ofbylding mei Ali]]
'''Ali ibn Abû Talyb''' ([[Arabysk]]: علي ابن أبي طالب), wie de neef fan profeet [[Mohammed]], trout mei syn dochter en waard de fjirde kalyf (656). Hy waard twongen de opstannige [[Omajjaden|Omajjadyske]] gûverneur fan Syrje [[Mû'awijja]] te bestriden, dy't him syn erkenning as kalyf ûntholde en dêr't hy hieltyd mear terrein oan priis jouwe moast. Foar de [[sjiïten]] jildt hy ek as de earste [[imamimaam]]. Yn de [[islam]] stiet hy bekend om syn moed en heldhaftichheid. Hy wie de earste jongere dy't moslim waard en ferbleau ferfolgens, foar de emigraasje ticht by Mohammed. Syn beneaming as kalyf wie hiel ûngelokkich yn in tiidrek fan politike ynstabiliteit, de [[ûmma]], dy't folge op de moard fan syn foargonger [[Utman]]. Ali wie de lêste kalyf dy't rekkene wurdt ta de 'Fjouwer Rjochtlate Kaliven' en jildt as ien fan de skriuwers dy't de iepenbierings fan de profeet optekene foar de [[koran]].
 
== Libbensrin ==
[[Ofbyld:Meshed ali usnavy (PD).jpg|thumb|right|250px|De [[Imam Alimoskee]] yn [[Najaf]]]]
[[Ofbyld:Mazar-e sharif - Steve Evans.jpg|right|250px|thumb|De [[Blauwe moskee Mazar-e Sharif]] yn [[Afganistan]]]]
Binnen de islam binne opfettings dat hy de ienige minsk wêze soe dy't ea yn de [[Ka'aba]] yn Mekka berne is. Syn heit, [[Abû Talib ibn Abdul Muttalib|Abû Talib]], wie in omke fan Mohammed. Troch syn mem waard hy earst "Haydar" (liuw) neamd wêrnei syn heit Abu Talib syn namme feroare ta "Ali". Hy hie de bynamme "Gods liuw" (''Asadullah'') en "Abu Turab" oftewol "De heit fan de ierde".
[[Ofbyld:Meshed ali usnavy (PD).jpg|thumb|rightleft|250px|De [[ImamImaam Alimoskee]] yn [[Najaf]]]]
[[Ofbyld:Mazar-e sharif - Steve Evans.jpg|right|250px|thumb|De [[Blauwe moskee Mazar-e Sharif]] yn [[Afganistan]]]]
 
Ali waard troch Mohammed adoptearre en troch him grut brocht. Hy boaske mei Mohammed syn dochter [[Fatima Zahra|Fatima]]. Hy hearde by de earste folgelingen fan de islam neidat Mohammed syn earste iepenbieringen krige. Doe't Mohammed ferstoar waard net Ali mar [[Abû Bakr]] ta nije geastlike lieder keazen fan de islam. Neffens de Sjyiten ferklearre Abû Bakr dat Mohammed him koart foar syn dea as opfolger oanwiisde doe de famylje fan Mohammed dwaande wienen mei syn begraffenis; Mohammed hie neffens harren ûnder syn profeetskip meardere malen ferkleare dat syn skoansoan Ali him opfolge moast as geastlik lieder. Ali sels hat him altiten tsjin dizze bewearingen letterlik en figuerlik ferset en hieltyd de kaliven foar him ([[Abû Bakr]], [[Omar ibn al-Sjattab|Omar]] en [[Utman ibn Affan|Utman]]) steund.
Rigel 13:
Dizze boargeroarloch late úteinlik ta de moard op Ali yn [[661]] yn de stad [[Koefa]], wylst hy neffens oerleveringen noch oan it bidden wie. Neffens sommige sjyiten wie de moardner omkocht troch [[Mu'awiyah]]. Hy sloech Ali op syn plasse mei in fergiftige swurd. Ali soe dêrnei noch trije dagen libje, mar syn ferwûning waard him fataal. Ali waard troch syn soan [[Hassan ibn Ali|Hassan]] opfolge dy't lykwols al gau ek wer ôftrede moast.
 
De measte sjyiten leauwe dat Ali begraven leit yn [[Irak|Iraakse]] stêd [[Najaf]], yn de [[ImamImaam Alimoskee]] dêr't Ali in mei [[goud]] beklaaid greve hat. Oaren leauwe dat er begraven is yn de [[Blauwe moskee fan Mazar-e Sharif]] yn [[Afganistan]].
 
De soennityske en sjyityske islam hawwe elts harren eigen ynterpretaasjes fan it libbensferhaal fan Ali.