Boonsong Lekagul: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
Rigel 28:
Fierders stifte Boonsong yn [[1962]] de Fûgeldersklub fan Bangkok, dêr't yn [[1993]] it Fûgelbeskermingsgenoatskip fan Tailân út fuorkaam. Hy wurke oan ferskate projekten gear mei it [[BirdLife International|Ynternasjonaal Komitee foar de Fûgelgbeskerming]] en mei it [[Wrâldnatoerfûns]]. Yn [[1980]] krige Boonsong út 'e hannen fan [[Bernhard fan Lippe-Biesterfeld|prins Bernhard]] de [[Oarder fan 'e Gouden Ark]] opspjelde, de heechste [[Nederlân]]ske ûnderskieding op it mêd fan natoerbeskerming. Ek waard er yn [[1974]] beneamd ta kommandeur yn 'e (Taiske) [[Oarder fan de Wite Oaljefant]], en ûntfong er [[earedoktoraat|eardoktoraten]] fan 'e Chulalongkorn Universiteit en de [[Kasetsart Universiteit]], beide yn Bangkok.
 
Fierder waarden der ferskate nije [[bist]]e[[soarte]]n en -[[ûndersoarte]]n nei him neamd, wêrûnder de [[grutte Aziatyske rûnblêdflearmûs]] (''Hipposideros lekaguli'') en, de [[boonsongkylrêch]] (''Opisthotropis boonsongi''), in soarte fan [[slangen|slange]], en de ûndersoarte ''C. f. boonsongi'' fan it [[finlaysoniikhoarntsje]] (''Callosciurus finlaysonii''). Boonsong kaam yn [[1992]] yn Bangkok yn 'e âlderdom fan 85 jier te ferstjerren.
 
==Wurk (in kar)==