Laguna Beach (Kalifornje): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side: wurk
 
klear
Rigel 1:
{{Wurk}}
{{Universele ynfoboks stêd
| namme = Laguna Beach
Line 24 ⟶ 23:
| webside = [http://www.lagunabeachcity.net/ www.lagunabeachcity.net]
}}
[[File:Orange County California Incorporated and Unincorporated areas Laguna Beach Highlighted.svg|left|thumb|250px200px|De lizzing fan Laguna Beach yn [[Orange County (Kalifornje)|Orange County]] en yn 'e steat [[Kalifornje]].]]
[[File:Laguna Beach CA.jpg|left|thumb|200px|Utsjoch fanút Laguna Beach oer de [[Stille Oseaan]].]]
[[File:Laguna Beach people.jpg|left|thumb|200px|[[Strân]][[toerisme]] yn Laguna Beach.]]
[[File:Laguna Beach (3).jpg|left|thumb|200px|De kust by Laguna Beach.]]
'''Laguna Beach''' is in [[stêd]] yn it suden fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Kalifornje]], oan 'e súdkust fan [[Orange County (Kalifornje)|Orange County]]. Neffens in offisjele skatting út [[2013]] wennen der doe goed 23.000 minsken. Laguna Beach heart ta de gruttere [[stêdekloft]] fan [[Los Angeles]], dy't krapoan 13 miljoen ynwenners telt. It is in [[baaiplak]], dat yn [[ekonomy]]sk opsjoch sterk ôfhinklik is fan it [[toerisme]], mei't it jiers troch nei skatting 3 miljoen minsken besocht wurdt.
 
==Skiednis==
Minsklike bewenning fan Laguna Beach giet yn elts gefal 11.700 jier tebek. Yn 'e [[skiednis|histoaryske perioade]] waard it gebiet bewenne troch de [[Tongva (folk)|Tongva]]-[[Yndianen]]. De earste [[jeropide ras|blanken]] dy't de krite oandiene, wiene [[Spanje|Spaanske]] [[misjonaris]]sen, yn 'e iere [[sechstjinde ieu]]. Mei de rest fan [[Opper-Kalifornje]] hearde Laguna Beach earst ieuwenlang by de Spaanske [[koloanje]] [[Nij-Spanje]], dy't yn [[1821]] ûnder de namme [[Meksiko]] ûnôfhinklik waard. Nei de [[Meksikaansk-Amerikaanske Oarloch]] kaam it gebiet yn [[1848]] by de [[Feriene Steaten]] te hearren.
 
Under it [[Ferdrach fan Guadelupe Hidalgo]], dêr't de oarloch mei beëinige waard, moasten de Amerikanen it grûnbesit troch Meksikanen yn Opper-Kalifornje respektearje, en sa bleau de krite fan Laguna Beach ek neitiid eigendom fan in José Antonio Andres Sepúlveda. Troch [[drûchte]] waard dy lykwols yn [[1864]] twongen om it lân te ferkeapjen oan 'e Amerikaanske grutgrûnbesitter [[James Irvine (grutgrûnbesitter)|James Irvine]]. Dy dielde de grûn op yn perselen en ferkocht dy troch oan 'e kolonisten út 'e eastlike Feriene Steaten dy't nei de ein fan 'e [[Amerikaanske Boargeroarloch]] ([[1861]]-[[1865]]) massaal nei it [[Wylde Westen|westen]] teagen.
 
Yn [[1876]] waard de delsetting Arch Beach stifte troch de bruorren William en Lorenzo Nathan "Nate" Brooks. Yn 'e [[1880]]-er jierren groeide dat plakje stadich troch, oant it yn [[1887]] ûnder de namme Lagona (sic) in eigen [[post]]kantoar krige, wat doedestiden in teken wie dat in wenkearn as sadanich erkend waard troch de Amerikaanske oerheid. Yn [[1888]] waard it earste [[hotel]] yn 'e delsetting boud, en yn [[1904]] slagge it de pleatslike postmaster Nicolas Isch om 'e namme fan it plakje feroare te krijen yn Laguna Beach. Tsjin dy tiid wie it al populêr wurden as toeristyske bestimming.
 
Fanôf de jierren [[1910]] waard Laguna Beach, fanwegen de [[natoer]]skientme en de neite ta [[Hollywood]], in favoryt plak om [[film]]s op te nimmen. Ek [[keunstskilder]]s, [[fotograaf|fotografen]] en [[skriuwer]]s setten har der nei wenjen, wêrmei't it ynwennertal tsjin [[1920]] oanwoeksen wie ta sa'n 300 minsken. De reden foar dat lytse ynwennertal wie de drege (en iennichste) tagong fia it lange en krinkeljende paad troch de [[Laguna Canyon]]. Doe't it gebiet yn [[1926]] ûntsletten waard troch de oanlis fan 'e [[Pacific Coast Highway]], begûn de befolking fluch te groeien, nei 1.900 yn [[1927]] en mear as 10.000 yn [[1962]]. Yn [[1927]] krige Laguna Beach [[stedsrjochten]]. Yn 'e sechtiger en iere santiger jierren wie it in sintrum fan 'alternative' [[subkultuer]]en.
 
==Demografy==
Neffens gegevens fan 'e folkstelling fan [[2010]] wie doe fan 'e befolking fan Laguna Beach 18,3% âlder as 65 jier en 16,1% jonger as 18 jier. Fierders bestie 45,6% fan 'e húshâldings út [[ienpersoanshúshâlding|ien persoan]], wylst 6,3% fan 'e befolking ûnder de [[earmoedegrins]] libbe. Wat de [[etnyske groep|etnyske]] opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie yn 2010 sa: 85,7% [[jeropide ras|blanken]]; 7,3% [[Latino's yn Noard-Amearika|Latino's]]; 3,6% [[Aazje|Aziaten]]; 0,8% [[negroïde ras|swarten]]; 0,3% [[Yndianen]]; 2,3% oaren of fan mingd etnysk komôf.
[[File:Laguna Trail.jpg|right|thumb|250px|Paradise Walk yn Laguna Beach.]]
 
==Klimaat==
Laguna Beach hat in [[Mediterraan klimaat|Mediterraan]] [[klimaat]], mei oangenaam waarme [[simmer]]s en tige mylde [[winter]]s. Yn [[augustus]] en [[septimber]], de waarmste moannen, is de trochsneed [[temperatuer]] oerdeis 27 °C, en yn [[desimber]], de kâldste moanne, is dat 19 °C. Laguna Beach kriget jiers trochinoar 344,4 mm [[delslach (waar)|delslach]]; [[snie]] is der ûnbekend.
 
==Susterstêden==
* [[File:Flag of France.svg|20px]] [[Menton]] ([[Frankryk]])
* [[File:Flag of Mexico.svg|20px]] [[San José del Cabo]] ([[Meksiko]])
* [[File:Flag of the United Kingdom.svg|20px]] [[St. Ives (Cornwall)|St. Ives]] ([[Grut-Brittanje]])
 
{{boarnen|boarnefernijing=