Tsjerke fan Syprus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Nije side
 
L nije ynfoboks, boarnen
Rigel 1:
{{Tsjerkegenoatskip
{{Tsjerke|
| ôfbylding = Archbishop's Palace in Nicosia old city Republic of Cyprus.jpg
offisjele namme= Ἐκκλησία τῆς Κύπρου <br>Ekklisia tis Kýprou <br>Tsjerke fan Syprus |
| ôfbyldingstekst = It aartsbiskoplik paleis yn [[Nikosia]].
jier f. stifting= [[45]] n.Kr.|
| ôfbyldingsbreedte =
jier f. ûnôfhinkl.= [[431]] |
| namme = Tsjerke fan Syprus
erkenning= [[478]] <small>troch it [[Patriargaat fan Antiochië]]</small> |
| offisjele namme = Ἐκκλησία τῆς Κύπρου <br>''Ekklisia tis Kýprou'' <br>"Tsjerke fan Syprus |"
titel fan de primaat= aartsbiskop fan Syprus|
jier f.| stifting = [[45]] n.Kr.|
sit fan de primaat= [[Nikosia]] ([[Syprus]])|
| ûnôfhinklik = [[431]]
liturgyske taal= [[Aldgryksk|Hellenistysk Gryksk]] |
| erkenning = [[478]] <small>troch it ([[Patriargaat fan Antiochië]]</small> |)
ledetal= 712.000 <small>(2012)</small>
| titel fan de primaat = aartsbiskop fan Syprus|
| sit fan de primaat = [[Nikosia]] ([[Syprus]])|
liturgyske| tsjerketaal taal= [[Aldgryksk|Hellenistysk Gryksk]] |
| ledetal = 712.000 <small>(2012)</small>
| webside = [http://www.churchofcyprus.org.cy/ www.churchofcyprus.org.cy]
}}
De '''Tsjerke fan Syprus''' ([[Gryksk]]: '''Ἐκκλησία τῆς Κύπρου''', '''''Ekklisia tis Kýprou'''''), is in [[kristendom|kristlike]] tsjerke fan [[eastersk-otterdoksy|eastersk-otterdokse]] synjatuer, dy't ûnderdiel útmakket fan wat wol de [[Gryksk-Otterdokse Tsjerke]] neamd wurdt, mar wat eins in groep ûnderskate tsjerken op Gryksk-otterdokse basis is. It is in [[autosefaal|autosefale]] (selsbestjoerende) tsjerke yn kommuny mei de oare eastersk-otterdokse tsjerken, ûnder it bewâld fan 'e aartsbiskop fan [[Syprus]], dy't syn sit hat te [[Nikosia]].
 
===Iere skiednis===
De eastersk-otterdokse tsjerke op [[Syprus (eilân)|Syprus]] is stifte yn it jier [[45]], troch de [[apostel]] [[Barnabas]], doe't dy op ien fan 'e iere sindingsreizen mei de apostels [[Paulus]] en [[Jehannes Markus]] fan [[Salamis (Syprus)|Salamis]] nei [[Pafos]] oer it eilân reizge, sa't beskreaun stiet yn 'e [[Bibel]] (''[[Hannelingen]]'' 13:4-12). Oan 'e ein fan 'e fjirde ieu wie hiele Syprus bekeard ta it kristendom. Yn it jier [[431]] ferklearre de Tsjerke fan Syprus him ûnôfhinklik fan it [[Patriargaat fan Antiochië]], dêr't it oant dy tiid ta heard hie. Dy ûnôfhinklikens waard lykwols pas erkend troch de patriarch fan [[Antiochië]] en de [[Byzantynske Ryk|Byzantynske]] keizer [[Seno (Byzantynsk keizer)|Seno]], doe't hast fyftich jier letter, yn [[478]], aldergeloks it grêf fan 'e apostel Barnabas op Syprus ûntdutsen waard.
 
Nettsjinsteande de ieuwenlange útlânske oerhearsking hat de Tsjerke fan Syprus syn foaroansteande posysje op it eilân oant hjoed de dei witten te behâlden. Dêrby moat trouwens oantekene wurde dat de Gryksk-otterdokse leauwenden iroanyskernôch folle mear te lijen hiene yn 'e perioade dat de Westerske [[krúsfarder]]s it op it eilân foar it sizzen hiene ([[1191]]-[[1489]]), as nei't Syprus ferovere wie troch [[Osmaanske Ryk|Osmaanske Turken]] en dêrmei ûnder [[islam]]itysk bewâld kaam ([[1571]]-[[1878]]). Yn 1878 waard it eilân fan it Osmaanske Ryk kocht troch de [[Grut-Brittanje|Britten]], en waard it in Britske kroankoloanje.
 
[[File:Agia Napa Monastery arcade.jpg|left|thumb|250px|De pyldergong fan it [[kleaster]] fan Agia Napa.]]
 
===Tweintichste ieu===
Benammen fan 'e jierren tritich fan 'e tweintichste ieu ôf woeks op Syprus de rop om ûnôfhinklikens oan, en yn 'e striid dy't dêrta liede soe, spile de Tsjerke fan Syprus in wichtige rol. Aartsbiskop [[Makarios III]], dy't fan [[1950]] ôf oan it haad fan 'e Tsjerke stie, wie dêrnjonken ek de polityk lieder fan 'e [[Gryksk-Syprioaten|Gryksk-Syprioatyske]] ûnôfhinklikensbeweging [[EOKA]]. Fan [[1955]] oant [[1959]] waard er troch de Britten foar syn oandiel yn 'e ûnôfhinklikheidsstriid sels ferballe nei de [[Seysjellen]]. En doe't Syprus yn [[1960]] einlings in selsstannich lân waard, waard Makarios III keazen as de earste presidint.
 
Line 23 ⟶ 28:
 
Dizze saak krige noch in sturtsje, doe't der op [[15 july]] [[1974]] in (wrâldske) steatsgreep tsjin Makarios útfierd waard mei stipe fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[CIA]], it Grykske Kolonelsrezjym en de trije ôfsette biskoppen. Dêrby waard de Makarios, dy't him oan 'e lofterside fan it politike spektrum ophold, ôfset as presidint fan Syprus en twongen om yn ballingskip gean. De nije presidint wie de Gryksk-Syprioatyske ''hardliner'' [[Nikos Sampson]], in foarstanner fan 'e ''enosis'' (ienwurding) mei Grikelân. De Amerikanen hopen hjirmei in mear op it Westen oriïntearre politike koerts fan Syprus te bewurkmasterjen, mar harren opset rûn spektakulêr mis doe't [[Turkije]], dat hoe dan ek de belangen fan 'e [[Turksk-Syprioaten]] feilich stelle woe, fiif dagen letter, op [[20 july]], it eilân binnenfoel en it noardlike trêdepart fan Syprus besette. Frijwol alle kristenen dy't dêr libben, waarden nei it suden ta ferdreaun, wylst alle moslims út it suden nei it noarden ta flechten. It smiet in twadieling fan it eilân op dy't oant op 'e dei fan hjoed fuortduorret. Ien fan 'e gefolgen wie de grutskalige ferwuostging fan Gryksk-otterdokse tsjerken en oare monuminten yn it noarden.
 
==Keppelings om utens==
*{{gr}}[http://www.churchofcyprus.org.cy/ Offisjele webside fan 'e Tsjerke fan Syprus]
 
{{boarnen|boarnefernijing=
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: [http://en.wikipedia.org/wiki/Church_of_Cyprus ''References'', op dizze side].
}}
 
[[Kategory:Eastersk-otterdoksy]]