Noardlike Sjajinne Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nije ynfoboks
L + better kaartsje, bytsje red
Rigel 20:
| webside =
}}
[[File:Lânkaart fan Yndianereservaten yn Montana, Idaho & Wyoming.PNG|left|thumb|250px|[[Yndianereservaat|Yndianereservaten]] yn [[Montana]], [[Idaho]] en [[Wyoming]]. It Noardlike Sjajinne Reservaat is werjûn yn dûnkergrien.]]
It '''Noardlike Sjajinne Yndianereservaat''' ([[Ingelsk]]: ''Northern Cheyenne Indian Reservation'') is it [[Yndianereservaat|reservaat]] fan 'e [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Noardlike Sjajinne Stamme]] (''Northern Cheyenne Tribe'') yn it súdeastlike diel fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Montana]], yn 'e ''countys'' [[Big Horn County (Montana)|Big Horn]] en [[Rosebud County (Montana)|Rosebud]]. Yn it easten swettet it oan 'e rivier de [[Tongue (rivier yn Montana)|Tongue]], wylst it yn it westen grinzget oan it [[Kro Yndianereservaat|Kro Reservaat]]. Der binne fierders lytse lapkes bûtenreservaatsk beheargebiet yn [[Meade County (Súd-Dakota)|Meade County]], yn [[Súd-Dakota]], noardeastlik fan 'e stêd [[Sturgis (Súd-Dakota)|Sturgis]], dy't oan it reservaat keppele binne. Dêrby giet it om beboske heuvelgebiet dat ta it [[Custer Nasjonaal Wâld]] heart. Yn [[2013]] hie it reservaat 6.800 ynwenners.
 
==Skiednis==
De [[Noardlike Sjajinnen]] (''Northern Cheyenne'') binne tradysjonele bûnsgenoaten fan 'e [[Sû (folk)|Sû]] (''Sioux''), en fan [[1864]] oant [[1879]] wiene se oanhâldend yn oarloch mei de Amerikanen. Yn [[1877]] waarden se nei in reservaat yn it [[Yndiaanske Territoarium]] (it hjoeddeiske [[Oklahoma]]) ta deportearre, dêr't se har by harren sibben, de [[Súdlike Sjajinnen]] jaan moasten. De libbensomstannichheden wiene dêre lykwols poermin, der wie net genôch iten en der hearske [[malaria]]. Yn septimber [[1878]] die in grutte troep Noardlike Sjajinnen, ûnder lieding fan 'e opperhaden [[Stomp Mês]] en [[Lytse Wolf]], in wraam op ûntsnapping nei it noarden, de saneamde [[Uttocht fan de Noardlike Sjajinnen]]. De groep fan Stomp Mês waard lykwols by [[Fort Robinson]], yn [[Nebraska]], besingele en finzen nommen. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se ûnder barre winterske omstannichheden yn jannewaris [[1879]] út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Dat barren kaam bekend te stean as it [[Bloedbad fan Fort Robinson]]. Stomp Mês wist mei in stikmannich oaren te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht [[Montana]] te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en har fêstigen yn 'e neite fan [[Fort Keogh]] (by it tsjintwurdige [[Miles City (Montana)|Miles City]]).
 
De groep fan Stomp Mês waard lykwols by [[Fort Robinson]], yn [[Nebraska]], besingele en finzen nommen. Doe't dúdlik waard dat se weromstjoerd wurde soene nei it Yndiaanske Territoarium, besochten se ûnder barre winterske omstannichheden yn jannewaris [[1879]] út te brekken, wêrby't de measten fan harren, fral froulju en bern, omkamen. Dat barren kaam bekend te stean as it [[Bloedbad fan Fort Robinson]]. Stomp Mês wist mei in stikmannich oaren te ûntkommen, en stoar fjouwer jier letter noch as frij man. De groep fan Lytse Wolf wist nei in lange tocht [[Montana]] te berikken, dêr't se úteinlings bliuwe mochten en har fêstigen yn 'e neite fan [[Fort Keogh]] (by it tsjintwurdige [[Miles City (Montana)|Miles City]]).
Oan it begjin fan 'e 1880-er jierren begûnen de Sjajinnen har bytsje by bytsje nei wenjen te setten yn 'e krite fan 'e rivier de Tongue, dy't it uterste noarden fan harren eardere wengebiet op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] markearre. Op [[16 novimber]] [[1884]] waard dêre yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint [[Chester A. Arthur]] it Tongue River Yndianereservaat (sa't it earst hiet) stifte, mei in oerflak fan 1.502 km². Yn 't earstoan rikte it reservaat net oan 'e iggen fan 'e Tongue ta, en sadwaande waarden de Sjajinnen dy't har dêr fêstige hiene, ûnderstipe troch de Katolike Missy fan St. Labre. Op [[19 maart]] [[1900]] liet presidint [[William McKinley]] it reservaat lykwols fergrutsje, sadat fan dy tiid ôf de Tongue de eastgrins foarme. Dy Sjajinnen dy't har beëasten de Tongue nei wenjen set hiene, waarden doe ferhuze nei oare kant de rivier.
[[File:US212WBheadedtowardBusbyMT.JPG|left|thumb|250px|De wei ''U.S. 212'' yn 'e rjochting fan [[Busby (Montana)|Busby]].]]
 
Oan it begjin fan 'e 1880-er jierren begûnen de Sjajinnen har bytsje by bytsje nei wenjen te setten yn 'e krite fan 'e rivier de Tongue, dy't it uterste noarden fan harren eardere wengebiet op 'e [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] markearre. Op [[16 novimber]] [[1884]] waard dêre yn opdracht fan 'e Amerikaanske presidint [[Chester A. Arthur]] it Tongue River Yndianereservaat (sa't it earst hiet) stifte, mei in oerflak fan 1.502 km². Yn 't earstoan rikte it reservaat net oan 'e iggen fan 'e Tongue ta, en sadwaande waarden de Sjajinnen dy't har dêr fêstige hiene, ûnderstipe troch de Katolike Missy fan St. Labre. Op [[19 maart]] [[1900]] liet presidint [[William McKinley]] it reservaat lykwols fergrutsje, sadat fan dy tiid ôf de Tongue de eastgrins foarme. Dy Sjajinnen dy't har beëasten de Tongue nei wenjen set hiene, waarden doe ferhuze nei oare kant de rivier.
 
==Demografy==
Neffens offisjele gegevens fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme út [[2013]] wennen der doe likernôch 6.800 minsken yn it reservaat, wêrfan't sa'n 6.200 (of 91%) Yndianen wiene en rom 4.900 (of 72,8%) leden fan 'e Noardlike Sjajinne Stamme. Behalven dy lêsten en sa'n 600 blanken wennen der ek 1.300 oare Yndianen yn it reservaat; dat wiene almeast Sjajinnen dy't net lid binne fan 'e stamme-organisaasje en fierders benammentlik [[Kro (folk)|Kro]] (it Noardlike Sjajinne Reservaat grinzget yn it westen oan it gruttere [[Kro Yndianereservaat|Kro Reservaat]]). It haadplak fan it Noardlike Sjajinne Reservaat is [[Lame Deer (Montana)|Lame Deer]]. It reservaat hat in oerflak fan goed 1.800 km², wêrfan't de grutte mearderheid, 98%, yn Sjajinske hannen is (yn 'e measte reservaten yn 'e Feriene Steaten leit dat persintaazje ûnder de 50%).
[[File:Lânkaart fan Yndianereservaten yn Montana, Idaho- &Noardlike Sjajinne Wyomingmarkearre.PNG|leftright|thumb|250px|[[Yndianereservaat|Yndianereservaten]] yn [[Montana]], [[Idaho]] en [[Wyoming]]. It Noardlike Sjajinne Reservaat is werjûn yn dûnkergrienread. (Yn 'e sirkel, yn [[Noard-Dakota]], it byhearrende bûtenreservaatsk trustgebiet.)]]
 
==Geografy==