Pine Ridge Yndianereservaat: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L nije ynfoboks
L + better kaartsje
Rigel 20:
| webside =
}}
[[File:Lânkaart fan Yndianereservaten yn de Dakota's en noardlik Nebraska.PNG|left|thumb|200px|Yndianereservaten yn 'e [[Dakota's]] en noardlik [[Nebraska]]. Pine Ridge is werjûn yn rôze.]]
It '''Pine Ridge Yndianereservaat''' ([[Ingelsk]]: ''Pine Ridge Indian Reservation''; [[Lakota (taal)|Lakota]]: ''Wazí Aháŋhaŋ Oyáŋke'', útspr.: [wa'zi: a'hã:hã o'jã:ke]) is it [[Yndianereservaat|reservaat]] fan 'e [[list fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenning|federaal erkende]] [[Oglala Sû Stamme fan it Pine Ridge Reservaat fan Súd-Dakota]] (''Oglala Sioux Tribe of the Pine Ridge Reservation of South Dakota''). It leit yn it súdwesten fan 'e [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Amerikaanske steaten|steat]] [[Súd-Dakota]], oan 'e noardgrins fan [[Nebraska]]. It Pine Ridge Yndianereservaat, dat stifte waard yn [[1889]], is ien fan 'e earmste gebieten fan 'e Feriene Steaten, dêr't de befolking te kampen hat mei [[alkoholisme]], sûnensswierrichheden en [[húslik geweld]].
 
Line 28 ⟶ 27:
==Geografy==
It Pine Ridge Reservaat beslacht [[Shannon County (Súd-Dakota)|Shannon County]] yn syn gehiel, en ek de súdlike helte fan [[Jackson County (Súd-Dakota)|Jackson County]]. Dêropta binne der útstrutsen bûtenreservaatske beheargebieten, benammentlik yn it noardwesten fan it oanswettende [[Bennett County (Súd-Dakota)|Bennett County]], mar ek yn 'e rest fan dy ''county'' (dy't trouwens oant [[1910]] yn syn gehiel diel útmakke fan it reservaat). Fierders binne der ek fersprate lapkes beheargebiet yn 'e omkriten fan [[Whiteclay (Nebraska)|Whiteclay]], yn [[Sheridan County (Nebraska)|Sheridan County]], yn 'e steat [[Nebraska]].
[[File:PineridgereservationmapYndianereservaten yn Súd-Dakota - Pine Ridge markearre.pngPNG|left|thumb|200px250px|It[[Yndianereservaat|Yndianereservaten]] yn [[Súd-Dakota]]. Pine Ridge Reservaatis meiwerjûn alleyn read. De fersnipele bûtenreservaatske beheargebieten derbybinne werjûn (yn dûnkerread)rôs.]]
 
It reservaat hat in oerflak fan hast 9.000 km² (en is dêrmei yn grutte it njoggende reservaat fan 'e Feriene Steaten, mei mear lân as de steaten [[Delaware]] en [[Rhode Island]] tegearre). Dêrby giet it lykwols foar in tige grut part om rotsige [[tafellân|tafellannen]] (''mesa's''), lykas de [[Badlands]], in [[nasjonaal park]] dat foar de helte yn it noarden fan it reservaat leit. Net mear as 340 km² (oftewol 3,8% fan it oerflak fan it reservaat) is gaadlik foar it bedriuwen fan [[lânbou]]. It haadplak (en grutste plak) is [[Pine Ridge (Súd-Dakota)|Pine Ridge]], oan 'e grins mei Nebraska, dêr't it reservaat nei neamd is en dêr't sawol it haadkertier fan 'e stamme-organisaasje as it agintskip fan it [[Buro fan Yndiaanske Saken]] (BIA) fêstige is. Der binne njoggen lytsere wenkearnen yn it reservaat, wêrûnder [[Wounded Knee (Súd-Dakota)|Wounded Knee]], dêr't yn [[1890]] it kweaferneamde [[Bloedbad fan Wounded Knee]] plakfûn, en [[Porcupine (Súd-Dakota)|Porcupine]], de útstelde haadstêd fan 'e ûnôfhinklike [[Republyk Lakota]].