Romeinen yn Fryslân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
→‎De swette: lytse oanfolling
modern and correct reconstruction of an roman watchtower in Germany (the other is wrong!)
Rigel 11:
 
== De swette ==
[[Ofbyld:Wachtposten 1 1x RheinbrohlLimeswachturm_WP_14-63.jpg|left|thumb|190px|Romeinske wachttoer oan de grins]]
De opstân besoarge de Frisii in goeie reputaasje by oare Germaanske folken. Sy lutsen harren net folle mear oan fan de Romeinen. Kloften Friezen besette lânbougrûn dy't foar soldaten ornearre wie fan [[Romeinske Ryk|Rome]]. Ek woene se net út de nije doarpen wei gean dy't se krekt stifte hiene. Yn [[47]] nei Kristus waarden de Friezen op 'en nij ferslein. Diskear troch [[Korbulo]], mar foar in koarte tiid. Fan Korbulo is wis dat er de Frisii wol yn it ryk besocht op te nimmen. Hy boude in fort op Fryske grûn en yntrodusearre bestjoer yn Romeinske styl. Wer't it fort (nei alle gedachten in [[kastellum]]) krekt stien hat is net bekend. Korbulo waard troch keizer [[Klaudius]] lykwols werom ropt en dy lei de Ryn definityf fêst as grins fan it Romeinske ryk.