Sankt Goarshausen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
RomkeHoekstra (oerlis | bydragen)
No edit summary
Rigel 38:
 
==It besjen wurdich==
Boppe de stêd lizze de ruïnes fan de inyn 1806 troch de trûpen van [[Napoleon Bonaparte]] ferwoastge boarch Katz en, boppe it stedsdiel Wellmich, boarch Maus. De boarch Katz is net iepensteld foar besichtiging, wylst op de boarch Maus regelmjittich rôffûgelshows organisearre wurde. Boarch Maus jout ek in goed sicht op de ruïne fan de boarch Rheinfels yn Sankt Goar. Rheinfels is fanút Sankt Goarshausen te berikken mei it oerset, in brêge leit 30 kilometer fierderop.
 
De protestânske tsjerke fan Sankt Goarshausen waard yn 1863 troch Eduard Zais boud. Yn de tsjerke stiet in oargel fan Christian Friedrich Voigt út Igstadt, dat yn 2006 restaurearre waard. De roomske tsjerke Sint-Jehannes de Doper waard troch de arsjitekten Hans en Christoph Rummel yn de jierren 1923-1925 boud. De Sint-Martenstsjerke fan Wellmich hat op de noardlike muorre fan it skip in grut goatysk fresko fan 10 meter lingte mei in hichte fan 4 meter. It fresko stelt de ienichste dei foar en waard nei alle gedachten frij gau nei de bou fan de tsjerke skildere.