Josef Stalin: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Dexbot (oerlis | bydragen)
L Removing Link FA template (handled by wikidata)
L foto
Rigel 1:
[[File:JStalin Secretary general CCCP 1942.jpg|thumb|Josef Stalin, om 1942]]
'''Josef Stalin''' ([[Georgysk]]: იოსებ ბესარიონის ძე ჯუღაშვილი, oarspronklike namme ''Iosseb Bessarionis dze Dzjoegasjvili'', [[Russysk]]: Иосиф Виссарионович Сталин, ''Iosif Vissarionovitsj Stalin''; [[18 desimber]] j.k. [[6 desimber]] [[1878]], [[Gory]] – [[5 maart]] [[1953]], [[Koentsevo]]) wie de twadde lieder fan de [[Sowjetuny]], fan [[1928]] oant syn dea. Syn diktatoriale en bysûnder wrede bewâld brocht it lân ta in grutte ekonomyske groei. Dy ekonomyske groei hat lykwols miljoenen minskelibbens koste.
 
== Jonge jierren ==
[[Ofbyld:Stalin 1902.jpg|thumb|right|Stalin yn 1902]]
Josef Stalin waard berne yn 1878. Syn heit wie skuonmakker en koe mei mar krekt genôch jild fertsjinje om syn húshâlding troch de tiid te krijen. Syn heit sloech syn frou en bern. Stalin wie it ienichste bern fan de fjouwer dy’t syn jeugd oerlibbe hat. Hy stoar hast doe’t er fiif jier âld wie oan de [[pokken]]. Syn antlit hat altiten bedutsen west mei dobkes. Ek rûn er in ferwûning op, wêrtroch't syn lofterhân koarter wie en minder goed brûkber as syn rjochter. Neidat Stalin syn heit yn [[1890]] stoarn wie, waard Stalin fierder opfieden troch syn mem, Jekaterina. Jekaterina besleat dat Josef Stalin [[preester]] wurde moast. Hy helle goede sifers, mar hy ferliet dôchs yn 1899 de seminaria sûnder de oplieding ôf te meitsjen. Yn dy tiid wie Stalin op 'e siik om syn libben betsjutting te jaan. De tsjerke koe him dit net jaan. Doe kaam it [[Marksisme]] yn byld.