Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen (1774-1844): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
kt
L [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Jhr. Valerius Lodewijk Vegilin van Claerbergen (1774-1844).jpg|thumb|''Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen'', 63 jier âld'']]
'''Valerius Lodewijk Vegelin van Claerbergen''', ( [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] [[24 july]] [[1774]] - [[De Jouwer]], gemeente Haskerlân, [[14 july]] [[1844]] ) wie [[grytman]] fan [[Haskerlân]] en lid fan de [[Steaten fan Fryslân]].
 
Valerius wie de soan fan [[Pieter Benjamin Vegilin van Claerbergen]] en Louise Albertina van Glinstra. Boaske op [[22 april]] [[1798]] oan Amelia Anna Maria Vegilin van Claerbergen ( [[17 juny]] [[1772]] -[[15 febrewaris]] [[1843]]), se krigen neist twa jong ferstoarne bern, in soan Pieter Benjamin Johan en 2 dochters. Yn [[1814]] waard hy opnomd yn de Fryske adel.
 
Yn 1814 waard er beneamd as [[frederjochter]] yn [[Akkrum]]. Op [[29 augustus]] fan dat jier waard hy beneamd as lid fan [[Provinsjale Steaten fan Fryslân]] foar de ridderskip [[Haskerlân]]. Op [[29 juny]] waard hy ûnder ûntslach as frederjochter ta [[grytman]] fan [[Haskerlân]] beneamd. Doe't troch in reglemintswiziging yn [[1925]] it tal steateleden werombrocht waard fan 84 nei 54, waard hy by syn earste ôfgean op [[1 juny]] [[1827]] net werkeazen, mar op 1 juny 1831 furdige de ridderskip fan Fryslân him opnij nei de steaten ôf. Yn 1835 waard hy op eigen fersyk earfol ûntslein as grytman.
By syn periodike ôfgean tsjin july 1843 frege hy as steatelid net mear yn oanmerking te kommen en waard op 1 juny ferfongen.