Justus fan Effen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Justus van Effen
Rigel 1:
[[Ofbyld: Justus van Effen (1684-1735).jpg|thumb|Justus fan Effen]]
'''Justus fan Effen''' ([[Utert (stêd)|Utert]], [[21 febrewaris]] [[1684]] — [[De Bosk]], [[18 septimber]] [[1735]]) wie in [[Nederlân]]ske, ynternasjonaal ferneamde, kursyfke-[[skriuwer]] en oersetter út de [[18e ieu]]. Hy hat it measte yn it [[Frânsk]] skreaun, mar ek sines ta de Nederlânske literatuer dien. Hy wurdt beskôge as ien fan de bêste Nederlânske skriuwers fan 18e ieu en ek fan belang foar de [[Ferljochting]] yn Nederlân.
 
==Biografy==
Justus fan Effen wie it twadde bern fan Melchior en Maria fan Effen Hy sette útein mei syn stúdzje oan de [[Universiteit fan Utert]] yn 1699, mar waard nei de dea fan syn heit (6 maaie 1706) gûverneur by begoedige famyljes om syn mem en suster troch de tiid te helpen. Hy kaam yn tsjinst by in Frânske widdofrou en om 1709 hinne by Baron Arent fan Wassenaer Duivenvoorde, bûtengewoan ôffurdige by de kroaning yn [[1715]] fan [[George I fan Ingelân]]. Meastal wurdt dêr by sein dat er [[Isaac Newton|Newton]] en [[Alexander Pope|Pope]] moete. Fan Effen waard dêr ek lid fan de [[Royal Society]]. Hy wurdt beskôge as immen dy’t de ferljochte tinkbylden fan [[Joseph Addison]] en [[Richard Steele]], publisearre yn harren ''The Spectator'', mear bekendheid jûn hat op it Europeesk kontinint.
 
Yn 1716 komt er yn tsjinst fan de jongehear Bernard fan Welderen. Nei in ûngelokkige leafde reizge er yn 1719 nei [[Sweden]] dêr’t er oan it hof fan keninginne [[Ulrike Eleonora fan Sweden]] tahold. Yn 1727 promovearre Fan Effen op ''Over de straf bij diefstal op heterdaad'', tagelyk mei syn pupil, de yn [[Bengalen (gebiet)|Bengalen]] berne Martin Jacob Huysman. Dêrnei gie er mei Fan Welderen nei Ingelân om by de kroaning fan [[George II fan Ingelân]] te wêzen. Justus fan Effen brocht syn lêste jierren as kommys by ''Land's Magazijn voor de Oorlog'' troch, in baantsje dat er oan Van Welderen te tankjen hie. Yn 1732 wie er finânsjeel safier dat er trouwe koe, hy hie doe al twa bern, mar stoar trije jier letter oan [[maagkanker]].
 
==Literêr wurk==