Ferskil tusken ferzjes fan "Russyske Boargeroarloch"

L
gjin bewurkingsgearfetting
L (Removing Link FA template (handled by wikidata))
L
De '''Russyske Boargeroarloch''' ([[Russysk]]: Гражданская война в России, ''Grazjdanskaja vojna v Rossii'') wie de [[boargeroarloch]] dy't folge op de [[Russyske Revolúsje]]. Dy duorre offisjeel fan [[1917]] oant [[1921]], mar pas healwei de jierren 30 waarden de lêste opstannen ([[Basmatsjiopstân]]) stoppe.
 
== Skiednis ==
De Russyske Revolúsje hie yn 1917 de bolsjewikenBolsjewiken ûnder lieding fan [[Lenin]] oan de macht brocht. Se hienen mar steun fan ± 25% fan de befolking, mar wisten troch krêftich optreden dochs de macht te gripen. Ut eardere tsaristyske legers begûnen har no de Wite legers te foarmjen: anti-kommunistyske troepen, laat troch tsaristyske generaals, wêryn monargisten, liberalen, mensjewiken, [[Kozakken]], ekstreem-rjochts en de adel meifochten. Se stienen foar de Readen oer: bolsjewiken en anargisten. Dy lêsten foarmen in tige ûnorganisearre troep en waarden op alle plakken weromdreaun. Ek lannen de alliearden yn Ruslân om de Witen by te stean (hoewol't se dêr offisjeel oare redenen foar hienen).<br />
De oarloch ferrûn yn it earstoan tige min foar de Readen. De Witen namen hiel [[Sibearje]], de [[Oekraïne]], it súdeasten en it westen en noardwesten yn besit. Yn in tal lannen dy't har ûnôfhinklik ferklearren, lykas [[Finlân]], ûntstiene lytse boargerkrigen tusken Readen en Witen. Petrograd ([[Sint-Petersburch]]) waard út it noarden en westen wei yn de tange nomd, wylst Denikin en Koltsjak Moskou en Tsaritsin (it lettere [[Stalingrad]]) bedrigen. De Poalen namen op in stuit [[Kiev]] yn. Mar in oantal faktoaren (net folle gearwurking tusken de Witen, fierstente lytse bûtenlânske yntervinsje, it wegen- en spoarnet, wêrby't alle spoarwegen nei Moskou laten en de Readen harren troepen maklik fan it iene nei it oare front ferpleatse koenen) joech de Readen in foardiel.<br />
Ien foar ien waarden de tsjinstanners fan de readen fersleinn. [[Archangelsk]] foel de Readen sûnder slach of stjit yn hannen, neidat de Britten ôfsetten wienen en it ferdigenjende Wite leger útelkoar fallen wie. De Readen rukten op yn [[Sibearje]], dêr't de Tsjechen harren fertrek kochten mei in geheime skat fan de tsaar en de oerdracht fan admiraal Koltsjak. De Amerikanen hienen har al weromlutsen, yn 1922 moasten de Japanners dit foarbyld folgje. Joedenitsj syn troepen waarden fan Petrograd weislein. Denikin en Wrangel waarden weromdreaun mei de Frânsen op de Krim, dêr't úteinlik de lêste Witen har oerjoegen. De Poalen waarden oant [[Warsjau]] weromdreaun, wêrnei't se luykwols dochs noch ûnôfhinklikheid en in tige rom ôfmjitten gebiet krigen (de Readen woenen de hannen frij hawwe). [[Finlân]], [[Estlân]], [[Letlân]] en [[Litouwen]] waarden opjûn, mar Oekraïne, Armeenje, Azerbaidzjan, Georgje en Turkestan waarden wer stevich ûnder de Russyske plak brocht.
83.134

bewurkings