Grêfskrift: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Yn 'e Wâlden (oerlis | bydragen)
omstavere 2015
L [[]]
Rigel 1:
In '''grêfskrift''' of ''[[epitaaf]]'' is een koart [[gedicht]] of inkele sinnen dy't wijd binne oan de ferstoarne en op de [[grêfstien]] gravearre binne - it liket dêryn op in [[epigram]]. Meastentiids wurdt de ferstoarne eare mei it grêfskrift. Faak ek wurdt in Bibeltekst op it grêf opnomd, of allinnich de letters ''R.I.P'' (''Requiescat in pace'', [[Latyn]] foar ''rêst yn frede'').
 
Grêfskriften wurde yn Fryslân al lang samle. Sa steane se bygelyks yn de ''Skoalmastersboekjes'' (1858-1859) en yn ''Friesche Oudheden'' en der is in kolleksje R.-baron van Breugel Douglas. Yn de topografyske atlas fan it [[Frysk Genoatskip]] steane tekeningen fan A. Martin. Yn de [[20e iuw]] samlen [[Nicolaas Jan Waringa|N.J. Waringa]], A.L. Heerma van Voss, D.D. Osinga, [[Jan Belonje|J. Belonje]]. De grêfskriften dy't foar bygelyks [[genealogy]], [[heraldyk]], keunsthistoarje en doarpsskiednis fan belang binne wurde samle troch it [[Genealogysk Wurkferbân]] fan de [[Fryske Akademy]]. Nei [[1950]] ferskynden al bondels oer [[Achtkarspelen]], [[It Bilt]] en Ljouwert Galileeërtsjerke.
 
Yn novimber 2007 is by útjouwerij Van Wijnen ''Friezen uit vroeger eeuwen'' ferskynd. Yn it boek fan mear as 1000 siden wurdt troch auteur Hessel de Walle ûnder oaren in oersjoch jûn fan sa goed as alle grêfskriften út Fryslân fan foar 1811. Op 'e webside fan 'e auteur binne oanfollingen en wizigingen te finen: [http://www.walmar.nl/inscripties.asp Friezen uit vroeger eeuwen]