Burdaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
LNo edit summary
Rigel 16:
=== Untstean ===
[[Ofbyld:Burdaard brêge.wiki.jpg|right|frame|Burdaard op in gravuere fan [[J. Bulthuis]], ein fan de 18de ieu.]]
Burdaard is ûntstien as in [[terp]] tsjin de [[Dokkumer Ie]] oan. Yn [[945]] wurdt Burdaard as ''Breitenfurde'' (''Breedfurd'') neamd yn de registers fan it [[kleaster Fulda]]. It liket der lykwols op dat der wolris ferskil wie tusken de namme dy't it kleaster delskreau, en de namme dy't lokaal brûkt waard. Der wurdt oannaam dat yn dit gefal de wiere namme ''Birdwerd'' west hawwe moat, "terp oan de râne" (fan it wetter). It soe ek wêze kinne dat it hjir om in Dútske beneaming gean kin dy't oersetten wurde kin as "brede fuorde". (in fuorde[[furde]] is in ûndjippe trochgong yn in wetter). Yn [[1409]] wurdt foar it earst melding makke fan in plak mei de namme "''Berdawerd''", in foarrinder fan de namme Burdaard. Dêrnei waard it ek noch wol stavere as "''Berdaewerdt''", "''Bierdauwert''" en "''Berdaerdt''".
 
Yn de rin fan de tiid ûntstiet der in streekdoarp. It measte ferkear gie doe oer it wetter, dat de [[Dokkumer Ie]] wie in wichtich skipsfeartswetter. Der kaam sa hannel om de skippen fan it nedige te foarsjen. Ek kamen der ambachtslju dy't mei it wetter te dwaan hienen. Der hawwe sa trije skipshellings west. Dêr waarden foaral fiskersskippen boud.
=== Dokkumer Ie en Frânske besetting ===
Om [[1250]] waard de Ie tusken Burdaard en [[Tergrêft]] trochgroeven, en yn [[1506]] wie de earste grutte slatting fan dizze rivier.) Der wurdt melding makke fan in trochwâd oer de Ie by Birdaard. De plaknamme feroare in skoft yn "''Berdawerder(a)tille''". Yn [[1777]] bart de twadde grutte slatting fan de Ie. Flak dêrnei begjint de Frânske besetting.
 
Rigel 26:
In oare geunstige ûntwikkeling hat west dat Burdaard ek lei op de grins tusken de klaai en de wâlden. Burdaard waard sa in steapelplak foar de trochfier nei [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] en [[Dokkum]]. Keaplju kochten foaral tsiis op dat se wer fierder ferkochten. Dêrnjonken wie der in hannel yn fee. Tongersdeis waard der yn Burdaard de foarmerk holden foar de freedsmerk yn Ljouwert.
 
Ut de skieppehandel kaam fuort dat der slachters kamen. DizzeDy slachten de skiep en ferkochten it fleis nei de stêden. It fet waard brûkt troch de kearsemakkerij. Ienige wêr't gjin hannel yn siet, wienen de koppen fan de skiep. De Burdaarders hawwe dêr de [[bynamme|namme]] fan skieppekoppen oan oerholden.
 
De ûntwikkeling is ek oan de Ie ferrûn. It wienen foaral rintenierjende boeren dy't in hûs oan it wetter in gaadlik plak fûnen.
 
Yn de 19e ieuiuw begjint de rykdom fan de Burdaaarders te groeien. Om [[1860]] hinne wurde in oantal trochgeande diken dy't troch Burdaard rinne ferhurde, te witten de wegen nei [[Jislum]], [[Wânswert]] en [[Steenendam]].
Om [[1860]] hinne wurde in oantal trochgeande diken dy't troch Burdaard rinne ferhurde, te witten de wegen nei [[Jislum]], [[Wânswert]] en [[Steenendam]].
 
Yn de nacht fan 15 op 16 augustus [[1944]], yn de [[Twadde Wrâldoarloch]], waard it hûs fan prominint fersetslid Freerk Leystra mei hângrenaten ferwoaste en yn de lôge setten, as represaille nei in fjoergefjocht yn en om it hûs tuske trije fersetsleden, wêrûnder Leystra sels, en in oantal leden fan de [[Sicherheitsdienst|SD]], wêrby't twa fan de trije SD'ers it libben ferlearen. Yn dyselde nacht ferlieten in soad Burdaarders it doarp koarte tiid, út eangst foar de Dútske besetter, om even letter werom te kommen. Leystra is oant de ein fan de oarloch ûnderdûkt bleaun.
 
Om [[Jieren '70|1970]] hinne lûkt in ekoniomyskjeekonomyskje malêze troch it doarp, mei as gefolch dat in soad winkels ophâlde te bestean. Yn [[1972]] begûn in grut [[ruilferkaveling|ruilferkavelingsprojekt]] en om [[2000]] wreide it doarp flink út nei in nijbouprojekt oandeoan de westkant fan it doarp, oan de [[Dokkumer Ie]].
 
=== Yndustrialisaasje ===