Willem V fan Hollân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Guillaume III de Hainaut.png|right|thumb|180px|ôfbylding fan Willem V]]
'''Willem V''' ([[Frankfurt am Main]], [[1330]] - [[Le Quesnoy]], [[1389]]), wie [[greve]] fan [[Greefskip Hollân|Hollân en Seelân]], (as '''Willem III''') [[greve]] fan [[Greefskip Henegouwen|Henegouwen]] en (as '''Willem I''') [[hartoch]] fan [[Hartochdom Beieren|Beieren]].
 
== Skiednis ==
Willem V folge yn [[1354]] syn mem [[Margaretha fan Beieren]] op as greve. Hy wenne in grut part fan de tiid yn de [[Ridderseal]] yn [[Den Haach]]. Hy liet inkele gebouwen om dit kastiel bouwe en soarge teffens foar in (ienfâldige) ommuorringbemuorring fan wat letter it [[Binnenhof (Den Haach)|Binnenhof]] hjitte soe. Yn [[1353]] kaam de jurist [[Filips fan Leien]] yn tsjinst fan de jonge greve.
 
Willem V troude yn [[1356]] mei [[Machteld fan Lancaster]] ([[1335]] - [[1362]]). Op in feest yn [[1358]] waard greve Willem V neffens boarnen út dy tiid ynienen [[dwylsinnich]] (al is it mooglik dat hy gewoan dronken wie). By in taspraak stuts hy samar ynienen ien fan syn maten dea. Syn jongere broer [[Albrecht fan Beieren]] liet Willem V opslute yn in kastiel yn [[Le Quesnoy]] ([[Greefskip Henegouwen|Henegouwen]]) en naam syn plak yn. Willem stoar dêr yn [[1389]].