Star Wars: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
stikje útwreide
L [[]]
Rigel 2:
'''Star Wars''' ("Stjerre-oarloggen") is in [[Feriene Steaten|Amerikaanske]] [[Epos|epyske]] ''[[Space opera|space-opera]]''-franchise dy't bestiet út in [[Science-fiction]]-filmrige, betocht troch [[George Lucas]] yn [[1977]]. Yn 2012 waard syn bedriuw [[Lucasfilm]] troch de [[Walt Disney Company]] oernaam.<ref>De Telegraaf, [http://www.telegraaf.nl/filmenuitgaan/film/23557051/__George_Lucas_verrast_door_eigen_succes__.html ''George Lucas verrast door eigen succes''], 14 jannewaris 2015</ref>
 
Yn [[2014]] binne der seis films, dy't yn twa rigen fan trije opnaam binne. Dit binne de ''Oarspronklike-trilogy'' (1977-1983) en ''[[Prequel]]-trilogy'' (1999-2005). De episoades hawwe yn de rin fan de tiid ferskate neibewurkings hân. Alle films meiïnoar waarden nominearre foar 25 [[Academy Awards]], wêrfan't der tsien takend waarden. Foar [[2015]] is de film ''Star Wars Episode VII'' pland, dy't it earste diel wêze moat foar de ''Sequel-trilogy''.<ref>http://www.volkskrant.nl/vk/nl/3376/film/article/detail/3339901/2012/10/30/Disney-Iedere-twee-tot-drie-jaar-nieuwe-Star-Wars-film.dhtml</ref> De filmsrige hat laat ta in media-franchise bûten de filmsearje om mei de namme [[Expanded Universe]].
 
De franchise portrettearret in universum yn in stjerrestelsel dat omskreaun wurdt as fier, fier fuort. Yn de grûn giet it om de striid tusken goed en kwea. De [[Jedi]] fertsjintwurdichge it goede en de [[Sith]] it kwea. It optocht universum hat ek in protte temaas dy't ûntliend binne út [[filosofy]] en [[religy]]. I foarbyld dêrfan is [[De Krêft]] (''The Force'').