Western (sjenre): ferskil tusken ferzjes
Content deleted Content added
→Oar: kt |
L red |
||
Rigel 1:
[[File:Western Set Universal Studio.jpg|thumb|right|350px|It westerndekôr fan ''[[Universal Studios]]'', yn [[Hollywood]].]]
De '''western''' is in sjenre yn 'e [[literatuer]], [[keunst|byldzjende keunst]], [[film]] en op 'e [[
Hoewol't westerns oer it algemien net botte reälistysk binne (it wurk fan ''cowboys'' wie yn it echt net heldhaftich en aventoerlik, mar earder ientoanich en lichaamlik slopend, om mar wat te neamen), kinne se o sa ta de ferbylding sprekke. It sjenre sette útein mei de kontemporêne pulpromantsjes út 'e lêste helte fan 'e [[njoggentjinde ieu]], en ûntjoech him koart nei de ieuwiksel, tusken [[1902]] en [[1912]], ta in wier literêr sjenre. It wie benammen tige populêr tusken [[1930]] en [[1980]], mei in hichtepunt yn 'e earste helte fan 'e sechstiger jierren. Yn dy heale ieu ûntstie ek westernfilm, en waarden er in grut tal westernsearjes makke foar op 'e
==Tematyk==
Rigel 24:
Yn 'e Feriene Steaten ûntjoech de western him ûnderwilens ta echte literatuer mei de útjefte, yn [[1902]], fan [[Owen Wister]] syn roman ''The Virginian''. As grûnlizzer fan 'e literêre western wurdt lykwols [[Zane Grey]] beskôge, dy't yn [[1912]] syn ferneamde ''[[Riders of the Purple Sage]]'' publisearre. Letter folgen dêr noch tsientallen oare romans op, lykas ''Knights of the Range'', ''Code of the West'' en it masterlike ''[[Desert Gold (boek)|Desert Gold]]''. Grey waard neifolge troch oare bekende westernauteurs, lykas [[Walter Noble Burns]], dy't yn [[1927]] mei syn roman ''Tombstone'' de reputaasje fan [[Wyatt Earp]] makke. [[Max Brand]] is in oare grutte namme út 'e westernliteratuer, mei titels as ''Striking Eagle'', ''Blood on the Trail'', ''The Seventh Man'', ''Danger Trail'' en ''The Long Chase''. Brand blonk fierders ek út yn it skriuwen fan [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] fan it westernsjenre, dy't er publisearre yn 'e withoefolle westerntydskriften dy't yn 'e tweintiger jierren ûntstiene, lykas ''Western Story Magazine'', ''Star Western'', ''Ranch Romances'', ''Cowboy Stories'' en ''West''. [[Clarence E. Mulford]] skreau ek koarte ferhalen, mar dan allegear oer deselde held, Hopalong Cassidy; de earste út dy rige ferskynde al yn [[1904]].
Yn 'e fjirtiger jierren ferskynden der ferskate wichtige westernromans, lykas ''The Ox-Bow Incident'', fan [[Walter van Tilburg Clark]], ''The Big Sky'' en ''The Way West'', fan [[A.B. Guthrie jr.]] en ''Shane'', fan [[Jack Schaefer]]. Teffens ferskynden der ein fjirtiger en begjin fyftiger jierren ferskate westernromans fan 'e [[Fryslân|Frysk]]-[[Feriene Steaten|Amerikaanske]] auteur [[Frederick Feikema Manfred]], hoewol't dy bekender wurden is om syn streekromans oer it boerelibben op 'e noardlike [[Grutte Flakten (Noard-Amearika)|Grutte Flakten]] oan it begjin fan 'e [[tweintichste ieu]]. Under de skriuwers dy't yn 'e fyftiger jierren populêr waarden, wiene [[Luke Short]], [[Ray Hogan]] en [[Louis L'Amour]]. Yn 'e twadde helte fan 'e jierren fyftich en yn 'e jierren sechstich sette [[Bradford Scott]] útein mei syn rige oer de ''[[Texas Rangers|Texas Ranger]]'' Walt Slade, mei titels as ''Trigger Talk'', ''The Ghost Trail'', ''Outlaw Gold'' en ''Gun Justice''. De westernliteratuer berikte syn hichtepunt om [[1963]] hinne, wat benammentlik feroarsake liket te wêzen trochdat it publyk op it sjenre útsjoen rekke fanwegen de oerfloed fan westernfilms en -
[[File:DBP 1987 1314 Karl May, Winnetou.jpg|thumb|left|200px|In [[West-Dútslân|Westdútske]] [[postsegel]] mei [[Winnetou]] derop, út [[1987]].]]
Rigel 95:
De ûntwikkeling fan 'e westernfilm waard healwei de [[tweintichste ieu]] sterk beynfloede troch de [[Japan]]ske [[samûrai]]films. Sa wie de klassiker ''[[The Magnificent Seven]]'', út [[1960]], eins in ''remake'' fan 'e Japanske film ''[[Sân Samûrai]]'', fan [[Akira Kurosawa]], wylst ''[[A Fistful of Dollars]]'', út [[1964]], in ''remake'' wie fan Kurosawa syn ''Yojimbo'', dat trouwens sels wer ynspirearre wie troch de Amerikaanske [[detektiveferhaal|dektetiveroman]] ''Red Harvest'', fan [[Daniel Hammett]]. Neffens Kurosawa syn eigen sizzen waard hy ek wer beynfloede troch Amerikaanske westerns, benammen dy fan [[John Ford]], en wie der dus sprake fan in wikselwurking.
==
[[File:Lorne Greene Diane Baker Bonanza 1967.JPG|right|thumb|250px|De [[Kanada|Kanadeeske]] [[akteur]] [[Lorne Greene]], hjir mei aktrise [[Diane Baker]], wie ien fan 'e stjerren fan 'e
Yn 'e fyftiger jierren, doe't it medium [[
Yn [[1959]] wiene der op 'e Amerikaanske
[[File:Jane Seymour CUN Award Party 2009.jpg|left|thumb|200px|[[Aktrise]] [[Jane Seymour (aktrise)|Jane Seymour]], dy't de haadrol spile yn 'e
Neitiid wiene der periodyk noch wat oplibbings fan it
==Strips==
|