De Tiidmasine: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
ynfoboks
L red
Rigel 28:
'''''De Tiidmasine''''', yn it oarspronklike [[Ingelsk]]: '''''The Time Machine''''', is in [[science fiction]]-[[novelle]] fan 'e hân fan 'e [[Grut-Brittanje|Britske]] [[skriuwer]], [[essay]]ist, [[senarioskriuwer]], [[biolooch]], [[etyk|etikus]] en [[histoarikus]] [[H.G. Wells]] ([[1866]]-[[1946]]). Dit wurk, dat in ier foarbyld is fan it [[stjerrende ierde (subsjenre)|stjerrende-ierdesubsjenre]], wurdt yn 'e regel ferantwurdlik holden foar it popularisearjen fan it begryp [[tiidreizgjen]], troch in fehikel of apparaat te brûken dat de betsjinner tastiet en spring fan it hjoed nei in yn 't foar sekuer bepaald tiidstip yn it ferline of de takomst. De term "tiidmasine" is in optinksel fan Wells, dat no algemien brûkt wurdt foar sa'n fehikel of apparaat.
 
Wells hie mei ''The Time Machine'' grut súkses, en it ferhaal is neitiid adaptearre ta in ferskaat oan media, wêrûnder [[harkspul]]len, [[tillevyzjetillefyzje]] en [[stripferhaal|strips]]. Der is fierders twa kear in (sterk oanpaste) [[Hollywood]]-ferfilming fan makke, ''[[The Time Machine (film út 1960)|The Time Machine]]'' út [[1960]], fan [[regisseur]] [[George Pal]], en ''[[The Time Machine (film út 2002)|The Time Machine]]'' út [[2002]], troch Wells syn oerpakesizzer [[Simon Wells]]. Teffens hat it boek in boarne fan ynspiraasje foarme foar withoefolle lettere science fiction-skriuwers. ''The Time Machine'' wie Wells syn earste langere wurk (foartiid hied er inkeld [[koart ferhaal|koarte ferhalen]] en [[essay|essay's]] skreaun), en waard foar it earst útjûn yn [[1895]]. It [[fertelperspektyf|is skreaun]] yn it [[ik-perspektyf]]. De [[Frysk]]e fertaling, fan [[oersetter]] [[Geart fan der Mear]], kaam út yn [[2013]].
 
==Ynhâld==