David Copperfield (roman): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
LNo edit summary
Rigel 37:
{{Plotbedjer}}
Hy rint fan Londen alhiel nei [[Dover (Ingelân)|Dover]] ta, dêr't syn iennichst oerbleaune famyljelid, syn âldmuoike Betsey Trotwood, wennet. Dy wie by syn berte nei Blunderstone ta kommen mar wie teloarsteld wer ôfset doe't bliken die dat David net in famke wie. As er no by har oankomt, hat se lykwols begrutsjen mei him en stimt se deryn ta om him fierder grut te bringen. Betsey-muoi, sa't David har neamt, makket koarte metten mei Murdstone syn besykjen om 'e fâdij oer de jonge werom te winnen. Hja neamt David om ta Trotwood Copperfield, mei as ropnamme "Trot", en dat wurdt ien fan 'e ferskate nammen dy't de jonge David geandewei it ferhaal draacht.
[[File:Dora_Spenlow_from_David_Copperfield_art_by_Frank_Reynolds.jpg|right|thumb|180px|David falt foar de tsjeppe Dora Spenlow ([[Frank Reynolds (1876-1953)]]).]]
 
Betsey-muoi stjoert de jonge nei in oare skoalle ta, in folle betteren-ien, dy't rund wurdt troch dr. Strong. Dy besiket oprjocht en bring syn learlingen in gefoel fan ear en selsrêdsumens by. David giet deunby de skoalle yn 'e kost by Betsey-muoi har [[abbekaat]] Wickfield en dy syn skrandere dochter Agnes, mei wa't er goed befreone rekket. By harren yn wennet ek Wickfield syn fyftjinjierrige siktaris, Uriah Heep. Dyselde wit, ta Agnes har grutte fertriet, op snoade wize de âlder wurdende Wickfield te bedragen. Sa stelt er Betsey-muoi har jild, mar lit it lykje as hat Wickfield it sels efteroerdrukt. Syn úteinlike doel is, sa dielt er David op boasaardige manear mei, om Wickfield sa omleech te heljen dat er nei de hân fan Agnes tingje kin. Underwilens is David syn eardere baas Micawber wer tsjinkommen, en hy helpt de man oan in baan as assistint fan Heep. Micawber wurdt dan troch Heep by al syn oplichterspraktiken belutsen, want Heep mient dat er yn Micawber ien troffen hat dy't himsels net wanlyk is. Mar dat blykt net sa te wêzen, en mei help fan Micawber bringe David en Agnes de wiere tadracht fan it ien en oar oan it ljocht, mei as gefolch dat Betsey-muoi har jild weromkriget en Heep yn it tichthús ferdwynt.