L
red
L →Ynhâld |
L red |
||
Rigel 30:
==Ynhâld==
De roman beskriuwt it libben fan 'e David Copperfield yn it [[ik-perspektyf]], as wie it troch David sels skreaun. David wurdt berne te [[Blundeston|Blunderstone]], yn it [[Ingelân|Ingelske]] greefskip [[Suffolk (greefskip)|Suffolk]], deunby [[Great Yarmouth]] yn it oangrinzgjende greefskip [[Norfolk (greefskip)|Norfolk]]. Dat bart yn [[1820]], in healjier nei de dea fan syn heit. Syn earste jierren bringt er yn relative gelokkigens troch mei syn mem en harren freonlike húshâldster Peggoty. As er sân jier is, wertrout syn mem lykwols mei in Edward Murdstone. By dat heuchlike barren is David lykwols net oanwêzich, om't er te útfanhûzjen stjoerd is by Peggoty har famylje yn Great Yarmouth. De reden dêrfoar is dat syn mem it te drok mei it trouwerij hat om om him te tinken, mar dêrnjonken is David it ek net mei it houlik iens, en dat stekt er net ûnder stuollen of banken.
[[File:Friendly_waiter_from_David_Copperfield_art_by_Frank_Reynolds.jpg|left|thumb|
Peggoty har broer, in [[fisker]]man, húsmannet yn in [[wenboat]] mei syn oannommen omkesizzers Em'ly en Ham en in âldere widdo, frou Gummidge. De lytse Em'ly wurdt troch har pleechheit frijwat bedoarn, en David rekket fereale op har. As er nei de trouwerij wer thúskomt, docht bliken dat er gelyk hie mei syn wjerakseljen tsjin it houlik, want Murdstone en dy syn suster Jane, dy't by it gesin ynlûkt, tirannisearje David en syn mem en meitsje har it libben ellindich. Dat hat syn ynfloed op David syn prestaasjes op skoalle, en as Murdstone him in wan bruien jaan wol om't er dêr net mear meikomme kin, byt David him. Ut wraak beävensearret Murdstone dat er nei in [[ynternaat]] stjoerd wurdt, Salem House, dat ûnder de hearskippij stiet fan 'e ûnmeilydsume boppemaster Creakle. Dêr rekket David befreone mei in jonge fan syn eigen jierren, Tommy Traddles, en ek mei in âldere jonge, dy't fan James Steerforth hjit. Hy ûntwikkelet in hertstochtlike bewûndering foar de egosintryske Steerforth, dy't er beskôget as in nommele minske.
Rigel 37:
{{Plotbedjer}}
Hy rint fan Londen alhiel nei [[Dover (Ingelân)|Dover]] ta, dêr't syn iennichst oerbleaune famyljelid, syn âldmuoike Betsey Trotwood, wennet. Dy wie by syn berte nei Blunderstone ta kommen mar wie teloarsteld wer ôfset doe't bliken die dat David net in famke wie. As er no by har oankomt, hat se lykwols begrutsjen mei him en stimt se deryn ta om him fierder grut te bringen. Betsey-muoi, sa't David har neamt, makket koarte metten mei Murdstone syn besykjen om 'e fâdij oer de jonge werom te winnen. Hja neamt David om ta Trotwood Copperfield, mei as ropnamme "Trot", en dat wurdt ien fan 'e ferskate nammen dy't de jonge David geandewei it ferhaal draacht.
[[File:Dora_Spenlow_from_David_Copperfield_art_by_Frank_Reynolds.jpg|right|thumb|
Betsey-muoi stjoert de jonge nei in oare skoalle ta, in folle betteren-ien, dy't rund wurdt troch dr. Strong. Dy besiket oprjocht en bring syn learlingen in gefoel fan ear en selsrêdsumens by. David giet deunby de skoalle yn 'e kost by Betsey-muoi har [[abbekaat]] Wickfield en dy syn skrandere dochter Agnes, mei wa't er goed befreone rekket. By harren yn wennet ek Wickfield syn fyftjinjierrige siktaris, Uriah Heep. Dyselde wit, ta Agnes har grutte fertriet, op snoade wize de âlder wurdende Wickfield te bedragen. Sa stelt er Betsey-muoi har jild, mar lit it lykje as hat Wickfield it sels efteroerdrukt. Syn úteinlike doel is, sa dielt er David op boasaardige manear mei, om Wickfield sa omleech te heljen dat er nei de hân fan Agnes tingje kin. Underwilens is David syn eardere baas Micawber wer tsjinkommen, en hy helpt de man oan in baan as assistint fan Heep. Micawber wurdt dan troch Heep by al syn oplichterspraktiken belutsen, want Heep mient dat er yn Micawber ien troffen hat dy't himsels net wanlyk is. Mar dat blykt net sa te wêzen, en mei help fan Micawber bringe David en Agnes de wiere tadracht fan it ien en oar oan it ljocht, mei as gefolch dat Betsey-muoi har jild weromkriget en Heep yn it tichthús ferdwynt.
Underwilens ferliedt en ûntearet David syn egoïstyske skoalfreon Steerforth de jonge Em'ly Peggoty. As dat útkomt, biedt er earst oan om har mei ien fan syn tsjinstfeinten trouwe te litten, foar't er alhiel útpykt. Em'ly ferdwynt dêrnei yn Londen, mar har omke Peggoty, de fiskerman, wit har op te spoaren mei de help fan 'e [[prostituee]] Martha, dy't fan oarsprong ek út Norfolk komt. Ham, oan wa't Em'ly foar de trageedzje fersein wie, is ûnderwilens omkommen yn in stoarm, doe't er besocht in skip te help te kommen dat foar de kust yn 'e swierrichheden rekke wie. Steerforth, dy't passazjier oan board fan datseldichste skip wie, rekke dêr ek by dea. Nei't er Em'ly weromfûn hat, [[emigraasje|emigrearret]] Peggoty mei har, frou Gummidge en de Micawbers nei [[Austraalje (lân)|Austraalje]], dêr't se allegearre noch lang en lokkich libje.
[[File:Agnes_Wickfield_from_David_Copperfield_art_by_Frank_Reynolds.jpg|left|thumb|
David sels kriget kunde oan 'e tsjeppe mar naïve Dora Spenlow, de dochter fan syn wurkjouwer. Hy trout mei har, mar har houlik is ûngelokkich oant David him derby delleit dat Dora altyd wat bernich bliuwe sil. Fan in [[miskream]] kriget se lykwols sa'n reis dat se dêrnei stadichoan weikwynt en úteinlik stjert. Nei de dea fan syn earste frou beriedt David him deroer hoe't it no fierder moat. Uteinlik beslút er mei de ferstannige Agnes Wickfield te trouwen, dy't altyd al fereale op him wie. Mei har fynt er it wiere gelok en kriget er teminsten fiif bern, wêrûnder in dochter dy't er ferneamt nei syn âldmuoike Betsey.
|