Fryske Akademy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 6:
 
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Johannes Marie Neele Kapteyn.jpg|thumb|Johannes Kapteyn]]
Yn 1919 pleite [[Geert Aeilco Wumkes]] yn in rede foar it [[Frysk Genoatskip]] foar in ''Akademy fan Wittenskip''. It idee waard letter oppakt troch de ûnderwiisrie, dêr't [[Titus Brandsma]] yn in gearkomste fan 27 april 1931 de kontouren fan de Akademy tekene. Twa jier letter spriek de ûnderwiisrie him formeel út foar in Akademy, mei de ferklearring der by dat de tiid der noch net ryp foar wie. Nei in lang proses waard de Akademy yn 1938 mei stipe fan it provinsjaal bestjoer oprjochte.<ref>[[Sjoerd van der Schaaf]]: ''Skiednis fan de Fryske Biweging'', side 302</ref> [[Johannes Marie Neele Kapteyn|Johannes Kapteyn]] (heechlearaar [[Aldfrysk]]) wie in oare drifkjende krêft en mei-oprjochter fan de Akademy. It [[Mercator Europeesk Kennissintrum|Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen]] (foarhinne ''Mercator Education'') is ûnderdiel fan de Fryske Akademy en waard yn 1987 oprjochte op inisjatyf fan de [[Jeropeeske Kommisje|Europeeske Kommisje]].<ref>Webside [http://www.mercator-research.eu/fy/oer-mercator/skiednis/ Mercator]</ref>