Drachtster Feart (wetter): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
De nije feart is iepenen
Rigel 1:
[[Ofbyld:Drachsterfeart foar WOII.jpg|thumb|260px250px|''De feart yn Drachten foar [[Twadde Wrâldkriich|WOII]]'']]
[[File:Het Carillon in Drachten aan het einde van de nieuwe Drachtster vaart.jpg|thumb|250px|De nije feart einiget yn it sintrum fan Drachten by it kariljon]]
De '''Drachtster Feart''' (ek: ''[[Drachtster Kompanjonsfeart]]'') lei tusken [[Drachten]] en [[Haulerwyk]]. It kanaal wie ferdield yn fiif panden, troch [[skutslûs|skutslûzen]] fan elkoar skieden en fan de [[Fryske boezem]] oan de [[Drait (wetter)|Drait]] of Dracht, in Fryske namme foar fuorde. It besit fan fearten mei harren [[skutslûs|ferlaten]], [[brêge]]n en wâlen levere de Kompanjons toljild, skut- en brêgewippersjilden op, wylst se der ek it fiskrjocht hienen. Nijkommers fêstigen har oan de feart, dêr't in kearn, it lettere Drachten ûntstie. It plak [[Drachtster Kompenije]] is earst yn 1772 stichte. De feart is groeven fan [[1641]] ôf doe't it heechfean, eastlik fan Drachten, ferfeante waard. Benypt provinsjebelang makke dat earst nei [[1760]] ek oansluten waard by de Drintske kanalen yn [[Feanhuzen (Noardenfjild)|Feanhuzen]]. Der sieten 5 slûzen yn, [[Bûtenstfallaat]], westlik fan Drachten, is noch it langste brûkt. Eastlik is de Feart in ôfwetteringskanaal.
 
Line 7 ⟶ 8:
Op 7 febrewaris 1649 kamen Saco Fockens en Saco fan Teyens samen mei Passchier Hendriks Bolleman foar. Se wioenen nije feangrûnen yn it grinsgebiet tusken [[Opsterlân]] en Smellinegrlân “te water brengen”. Nei [[ferfeanting]] fan de wiken koe de turf oer [[De Lemmer]] ôffierd wurde nei de Hollânske stêden. Der is in notariële akte opmakke troch [[Crackstate|Joannes fan Crack]], Saco Fockens, Jacob fan Runia as man fan [[Oenemastate|Amerentia fan Oenema]], Asswerus fan Vierssen (1598-1662) as kurator fan Catharina fan Oenema en Saco Teyens ta interinement en útfiering fan harren oktroai ta it graven fan in feart. Yn 1656 gie Bolleman fallyt en stoar koart dêrnei.
 
[[Ofbyld:Hoogveenontginning door Jacobus Sibrandi Mancadan.jpg|thumb|260px250px|''De ûntginning van het [[Fean (grûnsoarte)|heechfean]], skildere troch [[Jacobus Sybrandi Mancadan]]'']]
 
Om de feanen yn it noardeasten fan [[Opsterlân]] fierder eksploitearje te kinnen is de Grutte Feanfeart of Bakkefeanster Feart op inisjatyf fan [[grytman]] [[Douwe fan Aylva]] (1610-1665) en [[Jacobus Sybrandi Mancadan]] yn 1659/1660 trochlutsen (lâns [[Oerterp oan de Feart]]) oant [[Fryske Peallen]]. Yn 1669 kaam de grinskwestje tusken Fryslân en Grinslân by Fryskepeallen opnij te praat.
Line 21 ⟶ 22:
Pas yn 1879 kaam der in ferbining tusken de Koloanjefeart en de súdlikste wyk fan de Kromme-Elleboogsvaart.
 
{{wurk}}
== Tsjintwurdige tastân ==
Yn de jierren 60 fan de 20e iuw wie de Drachtster Kompanjonsfeart sawat in [[iepen rioel]]. Yn de jierren 1966/67 waard in diel fan de Drachtsterfeart tichtsmiten. Ein 20e iuw kamen der plannen om in diel fan de feart opnij út te graven. De feart hoegde mar gedieltlik fannijs groeven te wurden, fan de [[Hegewei (Smellingerlân)|Hegewei]] ôf oant it kariljon yn it sintrum. It miljoenenprojekt rûn yn 2003 fertraging op troch ferskate jurydyske prosedueres. De feart hie al 2008 iepene wurde sillen, mar de kredytkrisis fan [[2007]] jage de boel yn de bulten. De wenwyk [[Drachtster Feart (wenwyk)|Drachtsterfeart]] is it earst reälisearre. Letter kaam der in hege fêste brêge ('De Piip') yn de Hegewei oer de nije feart, dy't op 30 oktober [[2015]] offisjeel iepene waard.