Ferskil tusken ferzjes fan "Hoarnstersweach"

L
De [[Prikkedaam]] wie in passaazje oer de [[Tsjonger]]. Dy wie makke fan peallen mei heideseadden en tûken om dêr mei hynder en wein oer te kinnen. Beneasten de Prikkedaam lei eartiids in puolle.
 
By de [[Kanaal (wetterwei)|kanalisaasje]] fan de Tsjonger yn [[1886]]/[[1887]] is by de Prikkedaam in fêste [[brêge]] boud en ûntstiene dêr troch it útgraven de hege [[Tsjongerwâlen]] fan sân en liem. Dy binne yn de rin fan de tiid begroeid mei bosk. Troch de kanalisaasje wiene der gjin fruchtbere oerstreamingen mear en rân de heaopbringst efterút. Oant it midden fan de 20e iuw wie de âld Tsjonger ferfallen ta in puolle mei wite wetterleeljes, giele dotters, rûkende gagel[[galjes]] en swimmende swarte ringslangen. De Tsjonger is no ûnderdiel fan de [[Turfrûte]].
 
Op de netteplan fan [[1887]] stiet as sydtûke fan de 10e wyk in [[bermsleat]] nei it easten ta oant hielwei de Prikkedaam nei in bocht yn de âld Tsjonger. Dizze T-splitsing wie by de poldermûne. Der lei ek in fonder oer de 10e wyk.
2.750

bewurkings