Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
nije side
 
L wurk
Rigel 28:
 
Yn [[1561]] kearde se as widdo werom nei Skotlân om it regear oer har heitelân op te nimmen. Troch har [[roomsk-katolisisme|roomske]] opfieding yn Frankryk stie Marije negatyf foar it oanwaaksende [[protestantisme]] yn Skotlân oer, wylst de protestanten har as harren wichtichste fijân seagen. Doe't har ûnlijige leafdeslibben it hiele lân yn ûnstjoer brocht, waard Marije yn [[1567]] twongen en doch ôfstân fan 'e troan. Se waard finzen set, mar wist nei [[Ingelân]] te ûntkommen, dêr't se lykwols fannijs opsletten waard troch har efternicht [[Elizabeth I fan Ingelân|Elizabeth I]]. Dy seach har as in bedriging om't Marije troch de roomsen yn Ingelân as de wiere keninginne fan dat lân beskôge waard. Nei in finzenskip dy't mear as 18 jier duorre, liet Elizabeth har úteinlik yn [[1587]] ûnthalzje.
 
==Libben==
===Berte===
Marije waard berne op [[8 desimber]] [[1542]] (of miskien noch foar midsnacht op [[7 desimber]]), yn Linlithgow Palace, yn it [[Skotlân|Skotske]] [[Linlithgow]]. Hja wie de dochter fan [[Jakobus V fan Skotlân|Jakobus V]], de kening fan Skotlân, en dy syn [[Frankryk|Frânske]] frou [[Marije fan Guise]]. Marije wie it iennichste oerlibjende wettige bern fan Jakobus en de âldomkesizzer fan 'e [[Ingelân|Ingelske]] kening [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], waans suster [[Margareta Tudor]] mei Marije har pake, kening [[Jakobus IV fan Skotlân]], troud west hie.
 
In wike nei har berte, op [[14 desimber]], waard Marije keninginne fan Skotlân doe't har heit nei de ferlerne [[Slach by Solway Moss]], tsjin 'e Ingelsen, kaam te ferstjerren oan itsij in [[senuwynsinking]], itsij it drinken fan fersmoarge wetter. Neffens in Skotske folksleginde, dy't foar it earst optekene waard troch de [[tsjerke]]herfoarmer [[John Knox]], hearde Jakobus V op syn stjerbêd dat de langferwachte poppe in famke wie (wylst er fansels op in soan hope hie, om syn geslacht fuort te setten). Hy soe doe sein hawwe: ''"It cam wi' a lass and it will gang wi' a lass."'' ("It kaam mei in famke en it sil gean mei in famke.") Dy útspraak ferwiist nei it feit dat syn famylje, it [[Hûs Stuart|Hûs Stuart (of Stewart)]], op 'e Skotske troan kommen wie trochdat de stamfaar [[Walter Stewart, 6e grutsteedhâlder fan Skotlân|Walter Stewart]] mei [[Marjorie Bruce]], de dochter fan [[Robert de Bruce]] troud wie op it stuit dat [[Hûs Bruce]] yn 'e manlike line útstoar. As er it al sein hat, wie Jakobus V lykwols mis dat it regear fan 'e Stuarts mei syn dochter einigje soe; dat barde pas yn [[1714]], doe't de lêste Stuart-keninginne fan [[Grut-Brittanje]], [[Anne fan Grut-Brittanje|Anne]], opfolge waard troch [[George I fan Grut-Brittanje|George I]], de [[Dútslân|Dútske]] [[karfoarst]] fan [[Hannover (keninkryk)|Hannover]].