Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurk
L wurk
Rigel 65:
 
Underwilens ûntstie der ûnder de Skotske protestanten almar mear ûnfrede oer it bestjoer fan Marije har mem, regintesse Marije fan Guise, dy't inkeld troch ynset fan Frânske troepen oan 'e macht bliuwe koe. Doe't begjin [[1560]] protestantske Skotske eallju by it [[Ferdrach fan Berwick (1560)|Ferdrach fan Berwick]] Ingelân oprôpen om troepen nei Skotlân te stjoeren om dêr it protestantisme ta [[steatsgodstsjinst]] te meitsjen, en in [[Hugenoaten|Hugenoatske]] rebûlje yn Frankryk (it saneamde [[Trelit fan Amboise]]) it de Frânsen ûnmooglik makke om fersterkings nei Skotlân te stjoeren, late dat ta koartseftich oerlis tusken Frankryk en Ingelân. Nei de dea, op [[11 juny]] [[1560]], fan Marije fan Guise, kaam de Frânske posysje yn Skotlân hielendal faai te stean. Op [[6 july]] waard dêrom mei de Ingelsen it [[Ferdrach fan Edinburch]] sletten, wêrby't Ingelân syn troepen weromloek en Frankryk Elizabeth erkende as rjochtlike keninginne. It wie de bedoeling dat Skotlân him ek by it ferdrach oanslute soe, mar de santjinjierrige Marije wegere it te tekenjen.
 
===Werom yn Skotlân===
Op [[5 desimber]] [[1560]] kaam Marije har man Frâns II fan Frankryk te ferstjerren oan in [[ynfeksje]] oan it [[middenear]], dy't in [[abses]] yn syn [[harsens]] feroarsake. Marije wie yn djippe rou. Har skoanmem, Katerine de' Medici, waard regintesse oer Frankryk foar har twadde soan [[Karel IX fan Frankryk|Karel IX]], dy't doe tsien jier âld wie. Dêrop kearde Marije werom nei Skotlân, dêr't se op [[19 augustus]] [[1561]] oankaam. It doetiidske Skotlân waard ferskuord troch de striid tusken en de yntriizjes fan 'e roomske en protestantske partijskippen. Troch har goedroomske opfieding kaam Marije sels oan it haad fan 'e roomsen te stean, wylst har ûnwettige healbroer [[Jakobus Stewart, 1e greve fan Moray|Jakobus Stuart, greve fan Moray]], lieder fan 'e protestanten wie. In oare wichtige protestant wie de tsjerkeherfoarmer [[John Knox]], dy't tsjin Marije preke om't se nei de [[mis (tsjerketsjinst)|mis]] gie, dûnse en klean droech dy't hy te ûnbeskieden fûn. Hja besocht mei de man te praten, mar hy woe net harkje, en letter besocht se him om 'e nocht foar [[ferrie]] feroardiele te krijen.
[[File:MaryQueenofScotsMourning.jpg|left|thumb|180px|Marije yn har wite roudracht nei it ferstjerren fan har earste man.]]
 
Lykwols fersette Marije har net tsjin 'e ynfloed dy't protestantske eallju oan it Skotske hof hiene. Sa wie har healbroer Moray ien fan har wichtichste riedslju, en hiene ek oare protestantske lieders, lykas de greven fan [[Archibald Campbell, 5e greve fan Argyll|Argyll]] en [[Aleksander Cunningham, 4e greve fan Glencairn|Glencairn]], foaroansteande posysjes. Yn [[1562]] wurke Marije sels gear mei Moray om 'e wichtichste roomske ealman fan Skotlân, [[George Gordon, 4e greve fan Huntley]], ûnder fuotten te heljen nei't dy yn 'e [[Skotske Heechlannen|Heechlannen]] in opstân tsjin har úteinset wie.
 
Underwilens wie Marije op 'e sneup nei in nije man. Doe't har omke, de kardinaal fan Loataringen, lykwols sûnder har tastimming ûnderhannelings iepene mei [[Karel II, aartshartoch fan Eastenryk]], sette hja him lulk te plak, en rûnen dy ûnderhannelings op neat út. Sels hie se [[Karel, prins fan Astuerje]], de geastlik labile erfgenamt fan 'e [[Spanje|Spaanske]] kening [[Filips II fan Spanje|Filips II]], op it each, mar dêr lei Filips it near op. Elizabeth fan Ingelân besocht Marije oan har favoryt [[Robert Dudley, 1e greve fan Leicester|Robert Dudley, greve fan Leicester]] te keppeljen. Elizabeth wie der wis fan dat hja Leicester wol ûnder de tomme hâlde kinne soe, en fia him ek Marije. Mar de Skotske keninginne seach harren oankommen, en it besykjen rûn op neat út.
 
Begjin [[1563]] waard in Frânsk dichter oan it Skotske Keninklik Hof, [[Pierre de Boscosel de Chastelard]], dy't blykber smoar wie op Marije, ûnder har bêd ûntdutsen by in rûtinemjittich befeiligingsûndersyk fan har fertrekken, dêr't er him nei't it skynt ferskûle hie om har 'te ferrassen' as se allinnich wie. Marije ferballe de healwizeling út Skotlân, mar Chastelard negearre dat en krong twa dagen letter de keninklike fertrekken binnen doe't Marije op it punt stie om har út te klaaien. Har healbroer Moray en ferskate paleiswachters hastigen harren op 'e gjalp fan 'e keninginne nei binnen ta en oermasteren de dichter, dy't dêrnei foar ferrie feroardiele en ûnthalze waard. Der is wol suggerearre dat Chastelard syn ferealens mar bearde en dat er eins diel útmakke fan in protestantsk-hugenoatsk komplot om Marije har reputaasje te besmodzgjen.
[[File:Mary_Stuart_James_Darnley.jpg|right|thumb|250px|Marije mei har twadde man, lord Darnley.]]