Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurk
L wurk
Rigel 89:
 
Ein [[jannewaris]] [[1567]] helle Marije Darnley oer om werom te kommen. Hy wie noch hieltyd net alhiel de âlde, dat hy waard fersoarge yn 'e eardere [[abdij]] [[Kirk o' Field]], krekt binnen de stedsmuorren fan Edinburch. Moarnsier op [[10 febrewaris]] waard Kirk o' Field ferwuostge troch in ûntploffing, en it lyk fan Darnley waard letter smoard weromfûn yn 'e tún fan it gebou. De fertinking foel op Moray en de protestanten, mar ek op Marije en fertroulingen fan har, lykas Bothwell en har siktaris [[William Maitland of Lethington|Maitland]]. Uteinlik rekken de measte lju derfan oertsjûge dat Bothwell efter de moard op Darnley siet. Lennox, Darnley syn heit, easke yn it parlemint dat Bothwell berjochte wurde soe, en dêr stimde Marije yn ta, mar it fersyk fan Lennox om útstel sadat der bewiismateriaal sammele wurde koe, wiisde hja ôf. Sûnder bewizen waard Bothwell op [[12 april]] fansels frijsprutsen.
 
===Finzenskip yn Skotlân===
Op [[19 april]] [[1567]] krige Bothwell in stik as fiifentweintich eallju en biskoppen safier dat se it [[Bûn fan Ainslie Tavern]] tekenen, wêryn't se deryn tastimden om him te stypjen yn syn doel om mei de keninginne te trouwen. Fan [[21 april|21]] oant [[23 april]] besocht Marije har soan yn [[Stirling]] foar de lêste kear. Underweis werom nei Edinburch waard hja op [[24 april]] miskien mei har eigen goedkarring, mar miskien ek tsjin har wil [[ûntfiering|ûntfierd]] troch Bothwell en syn soldaten. Hja waard meinommen nei it Kastiel fan Dunbar, dêr't Bothwell har mooglik [[ferkrêfting|ferkrêfte]]. Op [[3 maaie]] makke Bothwell mei in skieding in ein oan syn earste houlik (mei [[Jean Gordon, grevinne fan Bothwell|Jean Gordon]], de suster fan Huntley). Op [[6 maaie|6 maaie]] kearden Bothwell en Marije tegearre werom yn Edinburch, dêr't se op [[15 maaie]] by in protestantske tsjinst trouden.
 
Yn 't earstoan liek it as waard dit trêde houlik fan 'e keninginne stipe troch in grut part fan 'e Skotske adel, mar Bothwell, dy't no de titel hartoch fan [[Orkney-eilannen|Orkney]] taparte krige, rekke al rillegau deilis mei syn eardere oanhingers, en it houlik bliek aaklike ympopulêr te wêzen. De roomsen beskôgen it as ûnwettich, sawol om't it sletten wie neffens de protestantske rite, as om't hja Bothwell syn skieding net erkenden. Sawol protestanten as roomsen wiene skokt dat Marije mei immen troude dy't beskuldige waard fan 'e moard op har twadde man Darnley. De relaasje tusken Marije en Bothwell wie nei't it skynt ûnlijich, en de keninginne begûn har al gau mismoedich te fielen.
[[File:Mary_Stuart_James.jpg|right|thumb|280px|Marije mei har soan [[Jakobus VI fan Skotlân|Jakobus VI]], hoewol't se him yn wurklikheid foar it lêst seach doe't er tsien moanne âld wie.]]
 
Seisentweintich Skotske eallju, dy't bekend kamen te stean as de Konfederearre Hearen, kamen yn iepen opstân, en Marije en Bothwell laten harren eigen troepen nei [[Slach by Carberry Hill|Carberry Hill]]. Der fûn lykwols gjin fjildslach plak om't it keninklike leger ûnder de ûnderhannelings foarôfgeande oan it treffen troch [[desersje]]s stadichoan fierder fuortteide. Bothwell mocht him frij ôfjaan, mar de hearen namen Marije mei nei Edinburch, dêr't it miene folk har útskelde foar [[troubrek]]ster en [[moard]]neresse. De nachts dêrnei waard hja finzen set yn it [[Kastiel fan Loch Leven]], op in eilantsje yn 'e mar [[Loch Leven]]. Dêr krige se tusken [[20 july|20]] en [[23 july]] in [[miskream]] fan wat in [[twilling]] west hawwe soe. Op [[24 july]] [[1567]] waard Marije twongen om ôfstân fan 'e Skotske troan te dwaan yn it foardiel fan har doe ien jier âlde soan Jakobus. Har healbroer Moray waard oansteld as regint, en Bothwell waard ferballe. Hy flechte nei [[Denemark]], dêr't er finzen setten waard, oanhelle rekke mei sljochtsinnigens en yn [[1578]] stoar.
 
Krapoan in jier letter, op [[2 maaie]] [[1568]], ûntsnapte Marije út it Kastiel fan Loch Leven mei help fan [[George Douglas]], de jongere broer fan 'e kastielhear [[William Douglas, 6e greve fan Morton|William Douglas, greve fan Morton]]. Hja wist in leger fan 6.000 man gear te bringen, mar ferlear op [[13 maaie]] de [[Slach by Langside]] tsjin 'e lytsere legermacht fan Moray. Wisberet dat se harsels net op 'e nij finzen sette litte soe, flechte Marije doe súdoan, en stiek se op [[16 maaie]] op in fiskersboat de [[Solway Firth]] oer nei Ingelân.