Marije I fan Skotlân: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L wurk
L wurk
Rigel 99:
 
Krapoan in jier letter, op [[2 maaie]] [[1568]], ûntsnapte Marije út it Kastiel fan Loch Leven mei help fan [[George Douglas]], de jongere broer fan 'e kastielhear [[William Douglas, 6e greve fan Morton|William Douglas, greve fan Morton]]. Hja wist in leger fan 6.000 man gear te bringen, mar ferlear op [[13 maaie]] de [[Slach by Langside]] tsjin 'e lytsere legermacht fan Moray. Wisberet dat se harsels net op 'e nij finzen sette litte soe, flechte Marije doe súdoan, en stiek se op [[16 maaie]] op in fiskersboat de [[Solway Firth]] oer nei Ingelân.
 
===Finzenskip yn Ingelân===
Marije ferwachte blykber dat har efternicht Elizabeth har helpe soe om 'e Skotske troan te weroverjen, mar dy hie datoangeande gjin haast, en oardere dat der earst in ûndersyk komme moast nei it hâlden en dragen fan 'e Konfederearre Hearen en oangeande de fraach oft Marije skuldich wie oan 'e moard op Darnley. Underwilens waard Marije earst fêstholden op it Kastiel fan [[Carlisle (Ingelân)|Carlisle]] en dêrnei op it Kastiel fan [[Castle Bolton|Bolton]], wylst har oanhingers yn Skotlân in boargeroarloch útfochten mei Moray-en-dy. Moray lei oan 'e ûndersykskommisje as bewiismateriaal tsjin Marije de saneamde [[Kistkebrieven]] (''Casket Letters'') foar, acht net-ûndertekene brieven dy't Marije oan Bothwell skreaun hawwe soe, twa houlikskontrakten en ien of mear [[leafde]]s[[sonnet]]ten, dy't fûn wêze soene yn in kistke mei dêrop it monogram fan Frâns II fan Frankryk. Marije ûntkende dat se de brieven skreaun hie en riddenearre dat har hânskrift maklikernôch ferfalske wurde koe.
 
De Kistkebrieven wurde sjoen as fan krúsjaal belang om te bepalen oft Marije sels yndirekt de hân hie yn 'e moard op Darnley, mar sa gau't Moray dermei op 'e lapen kaam, waarden se in ynset fan in polityk spultsje. Tsjintwurdich kin net mear bewiisd wurde oft se autentyk of ferfalske wiene, mei't de Frânsktalige orizjinelen ferneatige binne (wierskynlik yn [[1584]] troch Jakobus VI) en de Frânsk- en Ingelsktalige oerlevere kopyen gjin komplete set foarmje. De measten fan Marije har [[biograaf|biografen]] (lykas [[Antonia Fraser]], [[Alison Weir]] en [[John Guy (histoarikus)|John Guy]]) binne ta de konklúzje kommen dat de brieven nei alle gedachten òfwol folsleine ferfalskings wiene, òf dat der beskuldigjende passaazjes oan besteande brieven tafoege wiene. De Kistkebrieven wiene al foàr [[desimber]] [[1567]] fûn, mar wiene nea iepenbier makke om it finzen setten fan Marije te ûnderbouwen. Pas doe't Elizabeth fan Ingelân in ûndersykskommisje ynstelde, kamen Moray-en-dy dermei foar 't ljocht. Neffens skiedkundige [[Jenny Wormald]] wiist dy tsjinnichheid derop dat der wier bewiis tsjin Marije yn 'e brieven stie, wylst Alison Weir mient dat it bewiist dat Marije har tsjinstanners tiid nedich wiene om bewiismateriaal tsjin har te fabrisearjen.
[[File:Mary_Queen_of_Scots_by_Nicholas_Hilliard_1578.jpg|left|thumb|200px|Marije portrettearre ûnder har finzenskip.]]
 
Hoe dan ek, de measte tiidgenoaten fan Marije dy't de brieven ûnder eagen krigen, lykje se foar wier oannommen te hawwen, sa ek de leden fan 'e ûndersykskommisje. Sadwaande koe Elizabeth sûnder beswier de kommisje de útspraak dwaan litte dat der neat bewiisd wie tsjin 'e Konfederearre Hearen, en ek neat tsjin Marije, mar dat beide partijen likemin frijsprutsen wiene fan lykfolwat. Dat joech har de mooglikheid om har hannen fan 'e saak ôf te lûken sûnder dat se hoegde yn te gripen. Lykwols liet hja Marije net gean om't dy noch altyd oanspraak makke op 'e Ingelske troan en Elizabeth har dêrom as in bedriging seach. Histoarika Antonia Fraser fûn it ien fan 'e nuverste 'rjochtsaken' út 'e skiednis fan 'e rjochtspraak, mei't nimmen feroardiele waard, en dochs ien fan 'e partijen (Moray) frij wie om nei hûs ta, wylst de oare partij (Marije) yn finzenskip efterbleau.
 
Uteinlik soe Marije achttjin en in heal jier yn Ingelân finzen holden wurde. It wie gjin wrede foarm fan finzenskip, mar likegoed finzenskip. Fan [[jannewaris]] [[1569]] ôf waard Marije yn 'e hechten set ûnder tafersjoch fan [[George Talbot, 6e greve fan Shrewsbury|George Talbot, greve fan Shrewsbury]], en dy syn formidabele frou [[Bess fan Hardwick]]. Hja brocht de measte tiid troch op it Kastiel fan [[Tutbury]], mar besocht út en troch ek de oare lânhuzen fan Shrewsbury, lykas it Kastiel fan [[Sheffield]], Wingfield Manor en Chatsworth Hûs. Al dy lânerijen wiene lokalisearre yn it Ingelske binnenlân, likernôch healwei [[Londen]] en de Skotske grins, en sa fier fan 'e kust ôf as mar mooglik wie. Marije hie in eigen hofhâldinkje fan nea minder as sechstjin persoanen, wêrûnder in eigen kok, en as se fan it iene nei it oare plak ferhuze, wiene der tritich weinen nedich om har besittings te ferfieren. Doe't se meitiid oanhelle rekke mei [[rimmetyk]], mocht se de [[simmer]]s trochbringe yn it [[kueroard]] [[Buxton]].
 
Yn [[maaie]] [[1569]] besocht Elizabeth Marije wer op 'e Skotske troan te krijen yn ruil foar de garânsje dat Skotlân tenei in protestantsk lân wêze soe, mar dat betingst waard troch de Skotten rislút fan 'e hân wiisd. Underwilens yntrigearre yn Ingelân [[Thomas Howard, 4e hartoch fan Norfolk|Thomas Howard, hartoch fan Norfolk]], dy't earder de ûndersykskommisje foarsitten hie, om mei Marije te trouwen. Fan [[1569]] oant [[1570]] liet Elizabeth him dêrfoar opslute yn 'e [[Toer fan Londen]]. Yn [[1570]] waard Moray yn Skotlân fermoarde, en teffens fûn der doe in rebûlje yn noardlik Ingelân plak, de saneamde [[Opstân fan it Noarden]], dy't laat waard troch roomske eallju dy't Marije op 'e Ingelske troan bringe woene. Dat oertsjûge Elizabeth derfan dat Marije noch altyd in bedriging foar har foarme. Nei't de opstân delslein wie, ynterveniëarren Ingelske troepen yn 'e Skotske boargeroarloch en holpen de anty-Marije-partij oan 'e oerwinning.
[[File:Mary_Stuart_tomb.jpg|right|thumb|230px|De tombe fan Marije yn Westminster Abbey (sydoansicht).]]
 
Marije sels waard ûnderwilens goed yn 'e rekken holden troch Elizabeth har siktarissen sir [[Francis Walsingham]] en [[William Cecil, 1e baron Burghley|William Cecil, baron Burghley]], dy't [[spion]]nen yn har hofhâlding pleatst hiene. Yn [[1571]] kaam sa it [[Ridolfi-komplot]] oan it ljocht, wat in plan wie om Elizabeth as keninginne te ferfangen troch Marije mei de help fan 'e hartoch fan Norfolk en Spaanske troepen. Fan gefolgen waard Norfolk terjochtsteld, en it Ingelske parlemint naam in [[wet]] oan dy't Marije útsleat fan 'e Ingelske troanopfolging. Nei't yn [[1583]] in nije gearspanning, it [[Throckmorton-komplot]], ûntdutsen waard, yn [[1585]] folge troch in plan om Elizabeth te fermoardzjen wêrby't Marije har agint [[Thomas Morgan (fan Llantarnam)|Thomas Morgan]] belutsen wie, waard Marije yn it mei in [[slotgrêft]] omjûne Kastiel fan [[Stowe-by-Chartley|Chartley]] ûnder it strangere tafersjoch pleatst fan sir [[Amias Paulet]].