Alexander Fleming: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
Rigel 4:
Sir '''Alexander Fleming''' ([[Darvel]], [[6 augustus]] [[1881]] – [[Londen]], [[11 maart]] [[1955]]) wie in [[Feriene Keninkryk|Britske]] [[dokter]] en [[mikrobiology|mikrobiolooch]] op it mêd fan de [[medyske mikrobiology]], dy't foar de ûntdekking fan [[penisilline]] in [[Nobelpriis]] krigen hat.
 
== Libben en wurk ==
Fleming waard berne op Lochfield-farm yn Darvel yn [[East Ayrshire]], [[Skotlân]], as boeresoan. Fan 1901 oant 1906 studearre er [[genêskunde]] oan de ''St. Mary's Hospital Medical School'' yn [[Paddington]]. Nei ôfrin fan syn stúdzje bleaun er oan dat ynstitút ferbûn. Yn 1921 waard er pleatsferfangendplakferfangend haad, en yn 1946 [[direkteur]]. Yn 1948 waard de namme feroare ta ''Wright-Fleming Institute''. Fan 1928 oant 1948 hie Fleming de learstoel foar [[bakteriology]] oan de [[universiteit]] fan [[Londen]].
 
Yn septimber 1928 ûntdekte Fleming tafallich dat yn de buert fan beskate [[skimmel]]s, dy't by ûngelok by ien fan syn baktearjekoloanjes rekke wie, gjin baktearjes waaksten. Fleming makke in ekstrakt fan dy skimmel en murk dat dy ferskate baktearjesoarten deadzje koe, wylst de proefdieren der gjin lêst fan liken te hawwen. Yn in [[wittenskiplike publikaasje]] út 1929 neamde er de stof ''penisilline'', en hâlde it derfoar dat it as [[genêsmiddel]] te brûken wie. De ûntdekking fan penisilline wurdt as in foarbyld fan [[serendipiteit]] (in tref) sjoen.
Line 12 ⟶ 13:
Fleming waard yn 1944 riddere, dat hy waard doe "[[Sir (titel)|Sir]]". Dêrneist krige er earedoktoraten fan 12 Amearikaanske en Jeropeeske universiteiten, waard er kommandeur yn it [[Frankryk|Franske]] [[Légion d'honneur]] (legioen aan eare) en 'earerektor' fan de universiteit fan [[Edinboarch]].
 
== Persoanlik libben ==
Sir Alexander Fleming stoar yn 1955 yn [[Londen]] oan in [[hertynfarkt]].
Fleming boaske 1915 de Ierske ferpleechster Sarah Marion McElroy; yn 1924 krige it pear har iennichst bern, Robert, dy't krekt as syn heit ek dokter waard. Nei Sarah har ferstjerren yn 1949 naam Flemings sûnens ôf. Yn 1953 gie it wat better mei him doe't er oan Amalia Coutsouris-Vaoureka boaske, in [[bakteriolooch]] en earder studinte fan him. Sir Alexander Fleming stoar yn 1955 yn [[Londen]] oan in [[hertynfarkt]], twa moannen nei syn pinsjoenearring.
 
== Keppeling om utens ==