Teodoarik de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Ieneach fan 'e Esk moved page Diderik de Grutte to Teodoarik de Grutte: bekendere namme
L red
Rigel 1:
[[Ofbyld:Gesta Theodorici - Theodoric the Great (455-526).jpg|thumb|200px|''DiderikTeodoarik de Grutte'']]
'''Teodoarik de Grutte''' of ek wol '''Diderik de Grutte''' (likernôch [[451]]-[[526]]) wie kening fan de [[Ostrogoaten]]. Nei de dea fan syn heit [[Didemir]] yn [[474]] nom hy it leiderskip oer fan syn folk en regearre oant syn dea. Under keizer [[Zeno fan Byzantium|Zeno]] wie hy generaal en dizze beneamde him yn [[484]] ta konsul. Yn opdracht fan Zeno oermastere hy [[Itaalje]] en stifte der in [[Ostrogoatysk ryk]]. Hy besocht de [[Romeinen|Romeinske]] befolking te assimilearjen yn syn eigen fan oarsprong [[Germanen|Germaansk]] folk, mar slagge der net yn.
 
== Jonge jierren ==
In grut part fan syn jeugd brocht DiderikTeodoarik troch as [[gizeler]] oan it hof yn [[Konstantinopel]]. Hjirmei hie de [[East-Romeinske Ryk|East-Romeinske]] keizer [[Leo I]] fêstichheid dat DiderikTeodoarik syn heit it fouderaty-ferdrach mei de keizer respektearje soe. Hy learde tidens dizze perioade oan it hof in soad oer de Romeinse gebrûken en kriichskunde. As jongkeardel die DiderikTeodoarik mei oan de ferskate kriichstochten dy't syn heit hâlde. Yn [[469]] behellen sy in oerwinning op de [[Gepiden]] yn de [[Karpaten]] oan de [[slach oan de Bolia|Bolia]]. [[Moesia]] waard troch harren beset yn [[471]] en DiderikTeodoarik sels liede in tal fjochterijen tsjin [[DiderikTeodoarik de Aldere]]. Fierders foel DiderikTeodoarik letter as generaal fan de East-[[Romeinen]] in pear kear Itaalje yn.
 
== De Ostrogoaten oermasterje Itaalje ==
Rigel 9:
Yn [[476]] hie it [[Germanen|Germaanske]] [[haadling|stamhaad]] [[Odoaker]] de lêste West-[[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[keizer]] ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike [[regalia|tekens]] nei de keizer fan it easten [[Zeno|Zeno fan Byzantium]] yn [[Konstantinopel]], wêrmei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krige gjin nije keizer en hâlde op te bestean.
 
De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn nocht fan de Ostrogoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn [[488]] opdracht oan DiderikTeodoarik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. DiderikTeodoarik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste foet te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de [[slach oan de Isonzo|Isonzo]], en letter, yn septimber by [[slach by Ferona (489)|Ferona]]. Lang om let oermastere DiderikTeodoarik yn [[493]] de haadstêd [[Ravenna (stêd)|Ravenna]] en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.
 
Doe't DiderikTeodoarik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekte har út fan [[Sisylje]] oant [[Pannoanje]]. Nettsjinsteande syn Germaanske komôf waard DiderikTeodoarik sawol troch de [[Romeinen]] as de Goaten as kening erkend. Yn DiderikTeodoarik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.
 
== Relaasje mei oare Germaanske foarsten en folken ==
DiderikTeodoarik ferstevige syn machtsbasis yn Itaalje en soarge der foar dat syn Romeinske ûnderdienen it goed hienen. Ek bleau syn bân mei de Romeinske keizer yn Konstantinopel yntakt. Sa stadichoan waard hy hieltyd machtiger. Hy makke syn grinzen feilich troch it smeien fan houliksbânnen mei de Itaalje hinne wenne folken. Syn suster [[Amalafrida]] trouwde mei [[Thrasamund]], kening fan de Fandalen en DiderikTeodoarik sels wie trouwd mei [[Audofleda]], de suster fan kening [[Klovis I]] fan de Franken. De ienige Germaanske folken dêr't er gjin ynfloed op hie wienen de Franken en de [[Fandalen]].
 
Yn [[507]] sneuvele kening [[Alarik II]] fan de [[Fisigoaten]] yn de [[slach fan Fouillé]] tsjin de [[Franken]]. Alarik waard opfolge troch [[Amalarik]], mar dizze wie noch minderjierrich, wêrtroch DiderikTeodoarik regint foar de jonge kening waard. Troch de nederlaach by Vouillé ferlearen de Fisigoaten it besit fan [[Akwitaanje]] oan de Franken. Allinnich [[Septimaanje]] koenen sy fêst hâlde. Dit wie te tanken oan it yngripen fan DiderikTeodoarik.
 
== Dea en neilitenskip ==
[[Ofbyld:Mausoleum of Theoderic.JPG|thumb|[[Greftombe]] fan DiderikTeodoarik de Grutte]]
Op 30 augustus [[526]] stoar DiderikTeodoarik. Syn dochter, [[Amalasuntha]] folge him op as keningin fan de Ostrogoaten. Sy wie lykwols net by steat om it ryk byinoar te hâlden en de [[Katolisisme|Roomske]] Romeinen en de [[Arianisme|Ariaanse]] Ostrogoaten woeksen útinoar. Dy ûntwikeling sette de East-Romeinske keizer [[Justinianus I|Justinianus]] der ta om de Ostrogoaten de oarloch te ferklearjen. Om [[550]] hinne wie it hiele ryk sawat ferneatige. DiderikTeodoarik syn lange regear hie der wol ta bydroegen de Romeiske kultuer fan Itaalje te bewarjen. It [[mausoleum]] fan DiderikTeodoarik de Grutte is noch hieltyd te besjen yn Ravenna.
 
== Literateur ==